Aylvastate (Ternaard)

De Aylvastate (ek: It Slot of aadlik hûs De Spiker ) stie yn Ternaard yn de eardere gemeente Westdongeradiel en waard om 1658 boud. Yn de âldste argiven wurdt allinnich skreaun oer in nôtskuorre (Spiker), en dêrnei oer in pleats. Op it stee fan dit hûs stiet tsjintwurdich âldereinsintrum ‘De Spiker’.

Alvastate of de Herwey troch J. Stellingwerf (1723)

Om 1658 waard oan de súdkant fan de pleats in aadlik hûs of Slot boud. Ynearsten wurde it Slot en de pleats apart neamd, omdat beide yn eigendom wienen fan ien eigener. Letter waarden de nammen gearfoege en waard yn de koehieren skreaun oer het adelijk huis de Spijker. Yn Ternaard stie noch in State, dat 'Slot Herweij’ neamd waard, beide hawwe eigendom west fan ûnder oare de famylje fan Aylva.

Fan de State is in ôfbyld bewarre bleaun dy't troch J. Stellingwerf yn 1723 makke waard. Under de tekening stiet de tekst: ’t Slot Aijlva State te ternaert in Westdongeradeel behoort Douwe van Aijlva grietman van kollumerland 1723. P. de Haan skriuwt fierder: In het jaar dat Stellingwerf de tekening maakte was Douwe van Aylva echter de eigenaar van het Slot Herweij. De conclusie die men vroeger trok was dat het dus een afbeelding betrof van dit slot. Maar in 1806 wordt door de plaatselijke schoolmeester geschreven dat Slot Herweij 40 (!!) vertrekken had in het toen royaal ingerichte huis. Maar bij de verkoop van Het adelijk huis de Spijker in 1822 bestond dit Slotje slechts uit drie kamers en een schuur waarmee waarschijnlijk de oorspronkelijke Spijker wordt bedoeld. Slot Herweij is dus vele malen groter geweest dan Het adelijk huis de Spijker. Ook is bekend dat er een afbeelding van Groot Aylva is of geweest is. Tegenwoordig wordt dan ook algemeen aangenomen dat de verdwenen afbeelding het grote Slot Herweij (Groot Aylva) betreft en de bekende tekening het kleine adellijk huis de Spijker (’t Slot Aijlva State). Dat J. Stellingwerf dan bij het onderschrift een fout zou hebben gemaakt is niet uitzonderlijk; van hem is bekend dat zowel zijn afbeeldingen en/of de onderschriften lang niet altijd juist zijn. Boppeneamde is wol yn tsjinspraak mei de tekst oer Herwey State en moat neier útsocht wurde.

Om 1800 wurdt it Slotsje as wenhûs brûkt en sil de skuorre brûkt wêze as bedriuwsromte. Destiids wienen der faak twa húshâldings yn it slotsje. Meastentiids lytse boeren mei in pear kij en wat bou. In pear kear stiet yn de Speciekohieren: ‘geen boerkerij’. Hjir wurdt mei bedoeld dat it gjin echte buorkerij is. By it Slotsje hearre ek in hôf en tún, mar dy wurde net pachte troch de bewenners, mar brûkt troch de destiidske eigener, dûmny Joha. Nei it ferstjerren fan eigener Sicco Douwe Ernst van Aylva yn 1807 wurdt it hûs ferkocht, te witten: herenhuizinge, het erf en de halve grachten Fyftjin jier letter is der fannijs in ferkeap fan het adelijk huis de Spijker. Yn de beskriuwing wurdt gjin poarte mear neamd, dat dy sil koart nei 1807 ôfbrutsen wêze.

De lêste eigener wie notaris mr. Witteveen. Dy lit it hûs yn 1882 ôfbrekke en set der in moderne wenning op, dy't letter it ‘Aylva Slot’ of gewoan ‘Het Slot’ neamd wurdt. Dizze wenning is letter ôfbrutsen.

  • famylje fan Aylva
  • 1723 Douwe fan Aylva
  • ± 1800 dûmny Joha
  • - 1807 Sicco Douwe Ernst fan Aylva
  • ± 1882 notaris mr. Witteveen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: