Azat
De Azat (Armeensk: Ազատ) is in rivier yn 'e Armeenske provinsjes Kotajk en Ararat.
Azat Ազատ | ||
geografy | ||
lân | Armeenje | |
ûntspringt yn | Geghamaberchtme | |
lokaasje boarne | 40°8'N 45°0'E | |
mûnet út yn | Araks → Koera → Kaspyske See | |
lokaasje mûning | 39°57'N 44°29'E | |
sifers | ||
lingte | 55 km | |
ôfwetteringsgeb. | 572 km² |
De boarne fan 'e rivier is op 'e westlike helling fan it Geghamaberchtme en streamt dan yn súdwestlike rjochting. De bopperin fan 'e 55 km lange rivier heart by it UNESCO-wrâlderfgoed 'It Kleaster fan Geghard en de Boppe-Azatdelling'.
De rivier streamt troch Garni en it Chosrovreservaat. Dêrnei is der in daam foar enerzjyproduksje en it bewetterjen fan it lân. Lang om let mûnet de rivier yn 'e Araks (of Aras) út.
De rivier ûntwetteret in gebiet fan 572 km². De trochsneed ôfwettering bedraacht 4,88 m³/s.
Ofbylden
bewurkje seksje-
By Garni.
-
11e-iuwske brêge by Garni.
-
Opslachmar.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Azat fan Wikimedia Commons. |