Bûnskânselarij (Berlyn)
It Bundeskanzleramt yn Berlyn is it gebou fan de Dútske bûnskânselarij. It leit yn it stedsdiel Tiergarten yn it stedsdistrikt Mitte. It bouwurk is ûnderdiel fan de "Band des Bundes" oan de rivier de Spree.
Yn 2001 waard it gebou iepene nei in boutiid fan fjouwer jier. Gerhard Schröder wie de earste kânselier dy't yn it Bundeskanzleramt syn kantoar hie.
Mei in oerflak fan 12.000 m² is it ien fan de grutste gebouwen fan in regearingslieder yn de wrâld. It Kanzleramt is acht kear sa grut as it Wite Hûs; lykwols hearre by it Wite Hûs noch in stikmannich gebouwen dy't ek by it kantoar fan de presidint hearre.
Keppeling om utens
bewurkje seksje Commons: Bundeskanzleramt (Berlin) – foto, fideo en harktriemmen
- (dú) Bundeskanzleramt