British Science Fiction Association Award

(Trochferwiisd fan BSFA Award)

De British Science Fiction Association Awards, of BSFA Awards, binne in groep Britske literatuerprizen dy't sûnt 1970 elts jier útrikt wurdt oan 'e bêste wurken fan it sjenre fan 'e science fiction út it foargeande jier. De útrikking wurdt organisearre troch de British Science Fiction Association, dy't de nominearden oanwiist en de winners útornearret troch in stimming ûnder syn leden. Resint meie leden fan 'e science fiction-konvinsje Eastercon ek meistimme. De British Science Fiction Association Awards wurde útrikt yn fjouwer kategoryen:

British Science Fiction Association Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
útrikt foar science fiction-literatuer
útrikt troch British Science Fiction Association
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 1970
1e útrikking 1970
offisjele webside
www.bsfa.co.uk

Fan 1979 oant 1992 wie der ek in kategory foar bêste medium (tillefyzjeprogramma of film). Under de skriuwers dy't de priis alris wûnen, binne Brian W. Aldiss, Arthur C. Clarke, Philip K. Dick, Lisa Tuttle, Kim Stanley Robinson en Neil Gaiman. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.