Baai fan Mobile
De Baai fan Mobile is in ynholte fan de Golf fan Meksiko oan de kust fan Alabama yn de Feriene Steaten. Yn de tagong leit it skiereilân Fort Morgan en it Dauphin Island yn it westen. De Mobile en de Tensaw River mûnje út yn it noarden fan de baai, sadat it in estuarium is. De rivieren, Dog, Deer en East Fowl mûnje út yn it westen fan de baai en de rivier Fish trochkrúst de eastside fan de baai.
Skiednis
bewurkje seksjeSpaanske ûntdekkingreizgers besochten yn 1500 de Baai fan Mobile, dy't op doetiidske kaarten Bahía del Espíritu Santo (Baai fan de Hillige Geast) hjitte. De krite waard feirder ûndersocht yn 1516 troch Diego de Miruelo en yn 1519 fan Alonso Álvarez de Pineda. 1528 reizge Pánfilo de Narváez it gebiet dat faaks Mobilekrite wie. Hy moete Yndianen dy't foar him flechten en harren delsettings yn de brân stutsen benaud at hja wienen foar de ekspedysje. Dy reaksje wie de foarboade fan Hernando de Soto syn ekspedysjes goek alve jier letter.[1]
Hernando de Soto ferkende de krite om de Baai fan Mobile yn 1540, dy't doe bewenne waard fan it folk Muskhogeanen. Syn soldaten fernielden de fersterke stêd Mauvila, ek wol Maubila, dêr't de namme Mobile letter fan ôflaat waard. Dy slach mei haad Tuscaloosa en syn striders barde earne yn it ynlân fan Alabama, benoarden it hjoeddeiske Mobile. De folgjende grutte ekspedysje wie dy fan Tristán de Luna y Arellano, dy't foarfêst in Spaanske koloanje tichteby Pensacola yn 1559 festigje woe, mar dêr doe net yn slagge.[1]
Spanje hat alinne út en troch yn de krite oanwêzich west, mar de Frânsken makken in seehaven op Dauphin Island en stiften Louisiana's haadstêd yn Mobile yn 1702, in pear milen benoarden de Baai fan Mobile oan de rivier de Mobile. Fort Louis de la Mobile waard letter yn 1711 ferset oan de Baai nei in tal oerstreamings fan it oarspronklike plak.
Yn Amerikaanske Boargeroarloch wie de Baai fan Mobile in wichtige haven foar de saneamde blockade runners dy't de Konfederisten fan foarrie foarseagen. Op 5 augustus 1864 briek yn lytse Unyfloat ûnder Admiraal David Farragut troch de ferdiegeningslinys fan de Konfederaasje; yn dy slach fan de Baai fan Mobile waard ien fan de lêste grutte oanfierhavens fan de Konfederaasje yn it suden ôfsletten. Mobile is ek no noch in haven. Katoen wie it meast wichtige produkt foar de haven yn de 19e iuw. Yn de Twadde Wrâldkriich, waard skipsbou wichtich foar Mobile en naam de befolking bot ta. Sûnt is de stêd hieltyd grutter wurden.
De stêd hat fan ferskate orkanen te lijen hân yn syn skiednis, yn 1979 wie dat Hurricane Frederic en Hurricane Katrina rekke de stêd yn 2005.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|