Bad Muskau
Bad Muskau (Sorbysk: Mužakow), oant 1961 Muskau, is in lytse Saksyske stêd yn 'e Dútske lânkring Görlitz. It stedsje falt ûnder it Sorbyske Delsettingsgebiet (Sorbisches Siedlungsgebiet) en leit yn it meast noardeastlike diel fan 'e lankring oan 'e Lausitzer Neisse en oan 'e grins fan Poalen en de dielsteat Brandenburch.
Bad Muskau | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Saksen | |
lânkring | Görlitz | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.685 (31.12.2023) | |
Oerflak | 15,38 km² | |
Befolkingsticht. | 240 ynw./km² | |
Hichte | 110 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 02953 | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Koördinaten | 51°33' N 14°43' E | |
Offisjele webside | ||
www.badmuskau.de | ||
Kaart | ||
Bad Muskau sels is hjoed-de-dei in erkend feankuerplak.
Skiednis
bewurkje seksjeMuskau ûnstie yn 'e 13e iuw op it plak fan in Slavyske festing as hannelsplak oan 'e Neisse. Yn 'e lettere jierren 1240 waard it plak foar it earst Muschowe en Muzcowe neamd.
Tsjin 'e ein fan 'e Twadde Wrâldkriich rekke Muskau swier ûnder artilleryfjoer fan 'e optsjende Sovjettroepen en troepen fan it 2e Poalske leger. In Sovjetmonumint betinkt de gefjochten fan 'e ein fan 'e oarloch. Muskau waard mei útsûndering fan it riedshûs en de stedstsjerke, de Wendyske Sint-Andréastsjerke, foar it grutste part wer opboud. Fan 'e stedstsjerke wiene allinne de bûtenmuorren bewarre bleaun, de ruïne waard yn april 1959 opblaasd.
As in gefolch fan it op 'e nij tekenjen fan 'e lânsgrinzen by de Oder-Neisse lâns kamen nei de oarloch de eastlik fan 'e Neisse lizzende stedsdielen (mei ek it grutste part fan it Pückler Park) yn Poalen te lizzen. Dy gebieten foelen tenei ûnder de Poalske gemeente Łęknica (Lugknitz). De kadastrale gebieten fan it earder ûnder Bad Muskau fallende doarp Lugnitz oan 'e lofter kant fan 'e Neisse bleaune by Muskau.
Unesco
bewurkje seksjeBad Muskau is oer de hiele wrâld bekend troch it troch de lânskipsarsjitekt foarst Hermann von Pückler-Muskau oanleine en it letter nei him ferneamde Fürst-Pückler-Park – in unyk parklânskip yn 'e Ingelske lânskipsstyl.
Taal
bewurkje seksjeWylst yn Muskau it Dútsk gongber wie, prate de befolking yn likernôch 14 doarpen om Muskau hinne noch lang it Muskauer dialekt, in oergongsdialekt fan 'e Boppe- en Nedersorbyske talen. It Muskauer dialekt is hjoed-de-dei útstoarn en de Sorben foarmje mar in hiel lyts diel fan 'e hjoeddeiske befolking yn Bad Muskau. Offisjeel is it Sorbysk de twadde offisjele taal fan Bad Muskau, mar dat is allinne fan teoretyske betsjutting.
Berne
bewurkje seksje- Leopold Schefer (1784-1862), dichter
- Hermann von Pückler-Muskau (1785-1871), lanskipsarsjitekt, skriuwer en militêr
- Karl Peglau (1927-2009), ferkearspsycholooch
- Olaf Zinke (1966), reedrider
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bad Muskau fan Wikimedia Commons. |