Fürst-Pückler-Park Bad Muskau

It Fürst-Pückler-Park Bad Muskau (Poalsk: Park Mużakowski) yn Bad Muskau yn it Dútsk-Poalske grinsgebiet fan 'e Opper-Lausitz is in 830 ha grut lânskipspark. It park leit oan beide kanten fan 'e Lausitzer Neiße en is sûnt de ferskowing fan 'e lânsgrinzen yn 1945 ferdield yn in Dútsk en in Poalsk diel. Likernôch twatredde fan it park leit yn Poalen. Beide dielen binne troch ferskillende brêgen oer de Neisse meiïnoar ferbûn.

Fürst-Pückler-Park Bad Muskau
UNESCO-wrâlderfgoed
lân flagge fan Dútslân Dútslân
flagge fan Poalen Poalen
plak Bad Muskau
UNESCO folchnûmer 1127
kritearia (i)(iv)
ynskriuwing 2004 (sitting 28)
koördinaten 51°33' N 14°43' E
gebiet 352.14 ha
buffersône 1.213.62 ha
Webside
muskauer-park.de
Kaart
Fürst-Pückler-Park Bad Muskau (Saksen)
Fürst-Pückler-Park Bad Muskau
UNESCO-wrâlderfgoedlist

It park waard tusken 1815 en 1844 om it âlde slot en it nije slot fan 'e foarst Hermann von Pückler-Muskau (1785–1871) oanlein, dy't op syn eardere reis troch Ingelân yn 'e kunde kaam mei de Ingelske lânskipsstyl. Foar dat doel liet it er it Sorbyske doarp Köbeln (Kobjelin) rjochts fan 'e Neisse nei de oare kant fan 'e Neisse ferhûzje.

Yn 1845 ferkocht de foarst fanwegen jildnoed it slot mei it park oan 'e greven Von Nostitz en Von Hatzfeld (1845), prins Freark fan Oranje-Nassau, prinsesse Marie fan Oranje-Nassau (1881) en Traugott Hermann von Arnim-Muskau (1883). Sûnt 1883 bleau it lângoed Muskau oant de ûnteigening yn 1945 yn it besit fan 'e famylje Von Arnim.

Prins Freark fan de Nederlannen naam yn 1852 Eduard Petzold as parkopsichter yn tsjinst. Dy naam de noed op him om oant 1872 it park út te wreidzjen. Neffens plannen fan 'e boumasters Maximilian Franz Strasser en Herman Wentzel waarden it Alde en it Nije Slot en it Kavalierhaus (Rutershûs) tusken 1863 en 1866 yn 'e styl fan 'e neorenêssânse ferboud. Nei it sluten fan in myn yn 1864 waard ek dat gebiet by it park foege.

Yn 'e DDR-tiid fertutearze it park, alhoewol't it foar dy tiid ek al net mear sa goed ûnderholden waard. Nei de Wende waard it ûnderhâld oan beide kanten fan 'e grins wer ûnder hannen nommen en sûnt 2004 stiet it park op 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Fürst-Pückler-Park Bad Muskau