Bachrein
| |||||
Offisjele taal | Arabysk | ||||
Haadstêd | Manama | ||||
Steatsfoarm | Konstitúsjonele monargy | ||||
Gebiet % wetter |
665 km² 0,0% | ||||
Ynwenners (2005) | 688.345 | ||||
Munt | Bahreini dinar (BHD) | ||||
Tiidsône | UTC +3 | ||||
Nasjonale feestdei | 16 desimber | ||||
Lânkoade | BHR | ||||
Ynternet | .bh | ||||
Tillefoan | 973 |
Bachrein is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Manama en de emir fan de monargy is sûnt 2002 Hamad bin Isa Al Khalifa.
It golfsteatsje ferfollet troch de sintrale lizzing in wichtige ekonomyske en finansjele funksje yn de oaljewrâld.
Geografy
bewurkje seksjeLizzing
bewurkje seksjeBachrein wurdt begrinzge troch:
- de Perzyske Golf yn it noarden;
- de Golf fan Bachrein yn it easten, suden en westen;
- Katar yn it súdwesten;
- Saûdy-Araabje yn it westen.
lânskip
bewurkje seksjeBachrein bestiet út in groep fan trijeëntritich eilannen yn de Perzyske Golf, dy't ûnderling ferbining hawwe troch in netwurk fan brêgen. Der is ek in brêgeferbining mei Saûdy-Araabje: de Kening Fahd Causeway.
De namme Bachrein betsjut yn it Arabysk letterlik twa seeën. Dat ferwiist nei de laach swiet wetter dy't earder ûnder de sâlte laach seewetter om de eilannen hinne oantroffen waard. Tsjintwurdich is dy laach swiet wetter net mear oanwêzich. Troch it hjoeddeiske waarme klimaat yn de Golf is Bachrein foar it meastepart woastyn.
Skiednis
bewurkje seksjeYn de 16e iuw waard Bahrein troch de Portegezen beset. Nei dizze besetting en letter troch de Perzen waard it lân as selsstannich emiraat fan 1816 oant 1971 in Britsk protektoraat.
Bachrein waard op 15 augustus 1971 ûnôfhinklik en lid fan de Arabyske Liga. De sûnt 1999 regearjende emir fiere yn 2002 in nije grûnwet yn, dêr't it lân in konstitusjonele monargy troch wurden is.
Demografy
bewurkje seksjeBefolking
bewurkje seksjeHjoeddeisk is mar 60% fan de ynwenners fan Bachrein noch oarspronklik. De oare 40% binne Pakistanen, Ynjers en Westerlingen. Goed 80% fan de befolking wennet yn de stêden. Bachrein is in tichtbefolke lân, dêr't sawat de hiele befolking op de noardlike helte fan it eilân wennet. It suden is foar it grutste part net bewenne.
Taal
bewurkje seksjeIt Arabysk is de offisjele taal fan it lân, mar ek it Ingelsk wurdt in protte sprutsen.
Religy
bewurkje seksjeDe Islam is de wichtichste godstsjinst yn Bachrein.