Balthasar Daniel fan Idsinga
Balthasar Daniel fan Idsinga (Batavia, 23 augustus 1745 - Grins, 1 desimber 1818) wie in Nederlânsk boargemaster.
Fan Idsinga stamt út in Frysk laach,[1] waard berne yn Nederlânsk-Ynje, dêr't syn heit Meyert Johannis fan Idsinga kommandeur fan Sumatra's Westkust wie.
Fan Idsinga studearre rjochten yn Grins.[2] Hy wie efterelkoar boaske oan Sibilla Volkera Gockinga (1745-1780), Margaretha Theodora Collot d' Escury (1751-1807) en Etje Wieringa (1763-1812). Hy besette ferskate amten en wie ûnder mear gilde-rjochtshear, kurator fan de Ryksuniversiteit Grins, swarde persoan (gezworene), froedskip, riedshear en boargemaster (1815-1817) yn de stêd Grins. Hy behearde ta de patriotten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
boarnefernijing+ |