Benjamin Samuel Bolomey

Benjamin Samuel Bolomey (Lausanne, 19 maaie 1739 - dêre, 19 desimber 1819) wie in Switsersk keunstskilder.

Selsportret om 1780

Libben en wurk

bewurkje seksje

Bolomey wie in soan fan hotelhâlder François Louis Bolomay en Pernette Mercier.[1] Hy wie learling fan François Boucher yn Parys, dêr't er fan 1751 oant 1762 wenne. Yn 1763 ferfear er nei De Haach, dêr't er fan 1777 ôf direkteur fan Academie Pictura wie. Bolomey wie hofskilder fan erfsteedhâlder Willem V. Hy skildere ferskate portretten fan pommeranten fan syn tiid. Yn 1791 festige er him wer yn Lausanne en waard dêr lid van de Grutte Ried fan Vaud .

  • Golay, L. e.o. (2001) Benjamin Samuel Bolomey. Een Zwitsers schilder aan het hof van stadhouder Willem V. Swol: Utjouwerij Waanders BV.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nederlânsk's Patrysjaat 40 (1954)