Bam
Bam is in stêd yn de Iraanske provinsje Kerman. It is in moderne stêd mei in befolking fan likernôch 100.000 minsken en leit yn de omkriten fan de antike stêd Arg-e Bam.
Ierdskodding (2003)
bewurkje seksjeOp 26 desimber 2003 waard Bam troffen troch in swiere ierdskodding om 01:26 UTC (5:26 lokale tiid yn Iran). De krêft fan de ierdskodding wie 6,3 op de skaal fan Richter. Goed 70% fan it moderne part fan Bam waard ferneatige, en 43.000 minsken skeaten it libben derby yn.
Yn 2004 waard Bam troch de UNESCO útroppen ta monumint op de Wrâlderfgoedlist.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bam fan Wikimedia Commons. |