Bandar Seri Begawan
Bandar Seri Begawan is de haadstêd fan it Aziatyske sultanaat Brûnei. De stêd leit op de noardouwer fan de rivier Brûnei en bestiet út twa dielen: it eigentlike Bandar Seri Begawan en it tichtbefolke Kampong Ayer.
Bandar Seri Begawan | ||
Sultan Omar Ali Saifuddin Moskee | ||
Bestjoer | ||
Lân | Brûnei | |
Daehra | Brûnei en Muara | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 140.000 (2008) | |
Oerflak | 100,36 km² | |
Befolkingsticht. | 272/ km² | |
Stêdekloft | 276.000 | |
Hichte | 9 m | |
Oar | ||
Tiidsône | Mean Solar Time (UTC+07:39:00) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Webside fan de gemeente Bandar Seri Begawan |
Skiednis
bewurkje seksjeBewenning oan de ouwers fan de rivier Brûnei kin neigien wurde oant yn de 7e iuw; doe wienen dêr al delsettingen dy't in soad hienen fan dy yn Kampong Ayer. Sy leine tichteby it plak dêr't no it Museum fan Brûnei stiet.
Sery Begawan waard ferneamd nei de sultan syn ferstoarne heit Sir Omar Ali Saifuddien op 5 oktober 1970. De oarspronklike namme wie Bandar Brunei. Begawan is in namme dy't jûn wurdt oan monargen fan Brûnei nei har abdikaasje. De titel komt fan it wurd foar 'god' út it Sanskryt: भगवान bhagavān. Sery komt ek út it Sanskryt, Sri. Bandar komt út it Perzysk بندر fia Yndyske talen en betsjut "havenstêd" of "haven" (bandar betsjut "stêd" yn it Maleisk).
Op 1 augustus 2007 joech de sultan fan Brûnei tastimming foar it útwreidzjen fan Bandar Seri Begawan fan 12,87 kante kilometer nei 100,36 kante kilometer.
Demografy
bewurkje seksjeYn agustus 2010 lei it ynwennertal fan Bandar Seri Begawan om de 140.000 en yn de stêdekloft wenje sa'n 278.000 minsken. De mearderheid fan de Brûneianen is Maleizjer en de grutste minderheid wurdt foarme troch Sinezen. Lânseigen befolkingsgroepen sa as de Iban wurde ek sa'n bytsje as Maleizjers beskôge. Fierders hâlde dêr grutte oantallen tydlike arbeiders yn Brûnei ta, meast út Yndoneezje, de Filipinen en it Yndiaaske subkontinint.
Klimaat
bewurkje seksjeBandar Seri Begawan hat in tropysk reinwâld klimaat. De stêd hat it hiele jier troch in protte delslach, trochstrings 120 mm it jier; in maart falt de minste rein. Oktober oant desimber binne de wietste moannen, mei rûchwei twa fan de trije dagen rein. Lykas alty in gebieten mei in tropysk reinwâldklimaat, binne de trochsneed temperaturen yn dizze stêd it hiele jier troch frijwat konstant, mei as trochsneed heechste temperaturen fan sa'n 32 C en trochsneed leechste fan 23 C.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bandar Seri Begawan fan Wikimedia Commons. |