Baptistetsjerke (Haulerwyk)

De Baptistetsjerke wie in tsjerkegebou oan de Noargerwei yn Haulerwyk. De gemeente wie oansletten by de Uny fan Baptisten Gemeenten yn Nederlân. Yn 2019 waard bekend dat de tsjerke troch it ôfnimmende ledetal sletten wurde moast.

Baptistetsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Eaststellingwerf
plak Haulerwyk
adres Noargerwei 49
koördinaten 53° 03' N 6° 20' E
Arsjitektuer
arsjitekt Gerritsen, Vessem
boujier 1925
Webside
Side baptistengemeente, Haulerwyk
Kaart
Baptistetsjerke (Fryslân)
Baptistetsjerke

De groei fan in baptistegemeente sette út ein nei't it echtpear De Vries út Ljouwert harren nei wenjen setten yn Haulerwyk en fan dêr út yn Súd-East Fryslân evangelisearren. Hja stiften in "gemeente fan doopte kristenen", dy't yn 1946 feroare waard yn de baptistegemeente.

It tsjerkegebou fan de baptisten waard boud yn 1925. Yn de folksmûle krige it gebou troch dûmny De Bock de bynamme "it bokkehok".

Yn de jierren 1980 ûntstie der troch in skuorring yn de gemeente de frije baptistegemeente "Immanuël", dy't in eintsje westliker oan de Haadwei syn ûnderkommen hat.

Yn 2019 waard bekend dat de tsjerke troch it sakjende ledetal de doarren slute moast.[1] Om de ferbou fan de tsjerke yn wentes mooglik te meitsjen, joech it kolleezje fan B&W yn 2022 tastimming de tsjerke in wenbestemming te jaan.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: