Frânske tún

(Trochferwiisd fan Baroktún)

In Frânske tún (Jardin à la Française) of baroktún is in formele tún, yn in styl basearre op symmetry en it prinsipe fan beoardering fan de natuer. De Frânske styl is ûntstien neffens it model fan de Italjaanske Renêssânse-tún. In bekend foarbyld binne de Frânske tunen yn Versailles.

Frânske tún fan kastiel fan Villandry
Untwerp fan de Frânske tún yn Wurzburch, Dútslân
Parterres fan de Oranzjery fan it Kastiel fan Versailles

Koarte skiednis

bewurkje seksje

De eigentlike Frânske tún waard skepen troch André Le Nôtre by it Kastiel fan Vaux-le-Vicomte; letter waard er beneamd ta arsjitekt fan de kening oan it hof fan Versailles. It slagge Le Nôtre en bring symmetry oan, troch grutte gersfjilden mei parterres en strak knipte hagen yn strakke linen en buksushaachjes te ferwurkjen yn in harmonieus lânskip.

Neidat Le Nôtre syn namme ynternasjonale klank krige hie, wreide dy túnstyl him rillegau út nei oare Europeeske hoven. Yn in protte lannen ferskynden pompeuze paleizen mei in strakke Frânske tún.

Flak foar de Frânske Revolúsje rekke de styl yn de nederklits; in soad arsjitekten keazen doe foar de Ingelske tún.

In protte Frânske kastielen, benammen de grutte Renêssânsekastielen in de Loirefallei, hawwe no noch Frânske tunen.

Bekende Frânske tunen

bewurkje seksje