Barro Adema
in Nederlânsk jurist en bestjoerder
Barro Adema (Snits, 20 maart 1766 - dêre, 2 jannewaris 1822) wie in Nederlânsk jurist en bestjoerder.
Biografy
bewurkje seksjeAdema wie in soan fan Lollius Adema en Durkjen Bouma. Hy boaske yn 1789 oan Anna Catharina Hora Siccama (1766-1803), dochter fan Johan Hora Siccama en Egberta Louisa Beckeringh. Yn 1805 boasket er oan Catharina Tichelaar (1763-1844).
Barro Adema studearre Romeinsk en hjoeddeisk rjocht yn Grins en promovearre dêr yn 1778. Hy wie gemeentesektaris fan Wymbritseradiel, boargemaster fan Snits (1808) en fan 1811 oant 1819 frederjochter yn Rauwerd. Yn maart 1814 wie er lid fan de Fergadering fan Notabelen foar it Departemint Fryslân dy him útsprekke moast oer in nije grûnwet.