Bart Meinema
Bartele Pieter (Bart) Meinema (Burchwert, 29 july 1947) is in Nederlânsk politikus fan it CDA.
Nei oan 't wurk west te hawwen by de gemeenten Amersfoart en Bodegreve, gie Meinema yn 1979 by it Openbaar Lichaam Zuidelijke IJsselmeerpolders (OL ZIJP) oan 'e gong dêr't er ûnder oare plakferfangend direkteur Wolwêzen west hat. Meinema wie belutsen by de foarming fan de nije gemeente Zeewolde dêr't er yn 1984 gemeentesekretaris waard.
Yn 1992 folge syn beneaming ta boargemaster fan de Súd-Hollânske gemeente Vlist en alve jier letter waard Meinema boargemaster fan de Noard-Brabânske gemeente Cranendonck. Yn april 2011 waard bekend dat er ein 2011 mei pinsjoen gean woe. Op 1 jannewaris 2012 kaam der in ein oan syn boargemasterskarrêre. Marga Vermue-Vermue hat Meinema opfolge.