Basilica of Saint Mary (Minneapolis)

De Basilyk fan 'e Hillige Marije (Ingelsk: Basilica of Saint Mary) is in tsjerkegebou yn Minneapolis yn 'e Amearikaanske steat Minnesota. De tsjerke is de ko-katedraal fan it roomske bisdom Saint Paul-Minneapolis, wêrfan't de Pauluskatedraal yn Saint Paul is.

Basilyk fan de Hillige Marije

Basilica of Saint Mary

Lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Minnesota
plak Minneapolis
adres 1600 Hennepin Ave.
koördinaten 44° 58' N 93° 17' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Saint Paul-Minneapolis
Arsjitektuer
arsjitekt Emmanuel Louis Masqueray
boujier 1908-1925
boustyl Beaux-Arts
Webside
www.mary.org
Kaart
Basilica of Saint Mary (Minneapolis-St. Paul)
Basilica of Saint Mary
Lokaasje yn 'e stêdekloft fan Minneapolis-St. Paul.

De hjoeddeiske basilyk ferfong in earder tsjerkegebou, dy't oan de ûnbeflekte ûntfinzenis wijd wie. Dy waard oarspronklik yn 1871 boud en stie oan de 3rd Street en 3rd Avenue North. De groei fan 'e stêd late oan it begjin fan 'e 20e iuw ta de plannen foar de bou fan in nije tsjerke. Foar de bou fan 'e nije tsjerke joech Lawrence S. Donaldson yn 1905 in lape grûn oan 'e Hennepin Avenue by Loring Park.

 
Ynterieur.

De Frânsk-Amearikaanske arsjitekt Emmanuel Louis Masqueray, dy't likernôch tagelyk de Sint-Pauluskatedraal yn Saint Paul ûntwurp, krige ek de opdracht it Beaux-Arts ûntwerp foar de nijbou yn Minneapolis te leverjen. It tariedend wurk sette yn 1907 útein en op 31 maaie 1908 waard de earste stien lein foar de nijbou yn it ramt fan in plechtichheid, dy't troch 30.000 katoliken, 20 biskoppen en 300 preesters bywenne waard.

De tsjerke waard op 31 maaie 1914 foar it earst brûkt, mar oant 1921 bleau de tsjerke de âlde namme fan 'e Unbeflekte Untfinzenis te dragen. Oant 1925 waard der noch wurke oan 'e foltôging fan it ynterieur. Paus Pius XI ferliende de basilyk yn 1926 as earste fan de Feriene Steaten de status fan basilica minor.

Yn 1975 waard it gebou tafoege oan it National Register of Historic Places.

Nei wetterskea yn 'e jierren 1980 waard de tsjerke yn e jierren 1990 renovearre en it koper fan it dak ferfongen.

Basilica Block Party

bewurkje seksje

Sûnt 1995 wurdt alle jierren it muzykfestival Basilica Block Party organisearre. De ynkomsten fan it festival, dat twa dagen duorret, komme it ûnderhâld fan 'e katedraal en minsken yn need ta.

It oargel waard yn 1949 troch de oargelbouwer Wicks Organ Co boud. It oargel besit 80 registers op fiif manualen en pedaal. Yn 2006 krige it oargel by in reoganisaasje nije elektryske traktueren en in nije spyltafel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Basilica of Saint Mary (Minneapolis)