Basilique Saint-Donatien-et-Saint-Rogatien
De HH. Donatius en Rogatius-basilyk (Frânsk: Basilique Saint-Donatien-et-Saint-Rogatien) is in roomsk-katolike basilica minor op it Place des Enfants-Nantais yn it Malakoff-Saint-Donatien-distrikt fan Nantes, Frankryk.
HH. Donatius en Rogatius-basilyk
Basilique Saint-Donatien-et-Saint-Rogatien | ||
Lokaasje | ||
lân | Frankryk | |
regio | Pays de la Loire | |
departemint | Loire-Atlantique | |
plak | Nantes | |
adres | Place des Enfants-Nantais | |
koördinaten | 49° 13' N 1° 32' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Nantes | |
patroanhillige | Donatius en Rogatius | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Émile Perrin | |
boujier | 1872-1889 | |
boustyl | Gotyk mei romaanske eleminten | |
monumintale status | histoarysk monumint | |
Webside | ||
Side parochymienskip | ||
Kaart | ||
It is ien fan de twa tsjerken fan de stêd, dy't de status basilica minor krigen. Yn 2015 waard de oan de twa hillige bruorren Donatius en Rogatius wijde tsjerke troch in slimme brân foar in part ferneatige.
Skiednis
bewurkje seksjeIn earste tsjerke op it begraafplak fan de bruorren Donatius en Rogatius, twa 3e-iuwske martlers út Nantes, giet werom op de 5e iuw. De foargonger fan de tsjintwurdige tsjerke waard yn de Frânske Revolúsje yn in hospitaal feroare en ferkocht yn 1796. Yn 1802 krige it gebou syn funksje as tsjerkegebou werom.
De bou fan de hjoeddeiske, fjirde tsjerke op itselde plak, fûn plak nei in ûnthjit fan de doedestiidske biskop Félix Fournier yn de tiid fan de Frânsk-Dútske Oarloch. De biskop ûnthiet in nije tsjerke te bouwen as syn bisdom frij bleau fan in Prusyske ynfaazje en dat barde sa. De bou begûn yn 1872. Op 19 oktober 1889 waard de tsjerke wijd, dy't noch yn itselde jier de status krige fan basilica minor. Oant yn de 20e iuw waard noch fierder wurke oan de ynrjochting fan it gebou.
By renovaasjewurk ûnstie op 15 juny 2015 in fûle brân, wêrby't it houten dak fan de tsjerke ferneatige waard. De ramp ûntstie neffens wurdfierders op it stuit, doe't twa dakdekkers mei in brander oan it wurk wiene mei de reparaasje fan in leaden goatte. Yn de tsjerke rekke benammen it diel fan it koer swier skansearre.
Noch yn itselde jier sette de restauraasje útein. It weriepenjen fan de basilyk sil yn de maaitiid fan 2021 plakfine. De rûsde kosten fan de rekonstruksje bedrage € 13 miljoen euro.
Arsjitektuer en ynrjochting
bewurkje seksjeDe troch Émile Perrin yn in primitive neogoatyske styl ûntwurpen tsjerke is in trijeskippige, krúsfoarmige, nei it noardeasten oriïintearre basilika mei in gevel, twa tuorren en in koeromgong. Yn de tsjerke is de antike moarmeren sarkofaach fan de twa bruorren Donatius en Rogatius is âldste keunstwurk.
By de tsjerke leit in tsjerkhôf, it âldste fan Nantes mei yn it midden de Stefanuskapel. De kapel mei de 18e-iuwske gevel is it âldste tsjerkegebou fan it bisdom. De âldste dielen fan de Stefanuskapel datearje út de 6e iuw. Eartiids wie der foar de kapel in put, dêr't pylgers harren hannen waskje koene foar't hja de kapel yngyngen. De put ferdwûn tsjin it ein fan de 20e iuw en wie neffens de histoarikus Léon Maître it bewiis fan de âlderdom fan de kapel.
De basilyk, it tsjerkhôf en de kapel steane ûnder monumintesoarch.
Foar it haadportaal stiet in monumint foar Jeanne d'Arc.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Basilique Saint-Donatien-et-Saint-Rogatien
|