Donatius en Rogatius

Donatius en Rogatius (Frânsk: Donatien et Rogatien), ek bekend ûnder les Enfants Nantais, binne twa hilligen, dy't yn Frankryk fereare wurde. Hja wiene twa bruorren, dy't yn de tiid fan de romeinske keizer Maksimianus de martlerdea ferstoaren om't hja wegeren harren leauwe op te jaan. Harren feestdei falt op 24 maaie.

Donatius en Rogatius
   hillige
Byld fan de bruorren yn de Eglise Saint-Donatien, Orléans
Byld fan de bruorren yn de Eglise Saint-Donatien, Orléans
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 3e iuw
berteplak Nantes
stjerdatum 289 of 304
stjerplak Nantes
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
Eastersk-Otterdokse Tsjerken
hjeldei 24 maaie

It 5e-iuwsk dokumint "De Passy fan de Bern fan Nantes" tsjûget fan it fan it libben fan de twa bruorren en foarmet de basis foar al de lettere ferhalen, dy't oare ynformaasje oan de hagiografy tafoegje, lykas de tradysje dat de twa bruorren út in ferneamde Armoarikaanske famylje stamden.

 
It monumint oan de Rue Dufour dat it plak markearret dêr't Donatius en Rogatius eksekutearre waarden

Oannommen wurdt dat Donatius en Rogatius soannen wiene fan de earste magistraat fan Nantes. De jongste soan, Donatius, waard mooglik doopt troch Similien, de tredde biskop fan Nantes. Hy soarge der foar dat ek syn âldere broer Rogatius him bekearde ta it kristendom. Harren âldershûs, in gallo-romeinske filla, stie op it plak fan de hjoeddeiske Donatius- en Rogatiusbasilyk. Neffens it gebrûk waarden de beide bruorren op dat plak begroeven.

Nei't ûntdutsen wie dat de beide bruorren it kristlike leauwe oanhongen waarden hja arrestearre en moasten hja ferskine foar de keizerlike prefekt. Sa't dat faker barde moasten de arrestanten offerje foar romeinske goaden, mar sawol Donatius as Rogatius wegere op it fersyk yn te gean. Der folge in lijenswei en dy nacht fertelde Rogatius syn broer dat it him slim yn 'e wei wie dat er ferstjerre soe sûnder doopt te wêzen. Donatius stelde syn broer gerêst en ûnthiet him dat it bloed fan syn martlerskip it sakramint fan de doop ferfange soe.

Yn 'e moarn fan 24 maaie 289 of 304 waarden Donatius en Rogatius troch in romeinske tsjinder ûnthalze. Neffens it ferhaal wie dat op it plak bûten de stedsmuorren, op it tsjintwurdige adres 63 rue Dufour oan de âlde dyk nei Parys, net fier fan de oan de twa bruorren weide basilyk.

Donatius en Rogatius wurde fral fereare yn it westlike streamgebiet fan de Loire oant de stêd Orléans ta. Sintra binne Orléans, Plougastel-Daoulas, Ambleville, Laval, Angers, Tours, Chartres en (troch misjonarissen út Nantes) plakken yn Kanada enn Oseaanje.

 
Tombe fan Donatius en Rogatius

Doe't de kristenferfolgings foarby wiene waarden de omskotten fan Donatius en Rogatius opgroeven en yn in moarmeren tombe lein, dy't bewarre is en ek tsjintwurdich yn de basilyk fan Nantes in sintraal plak ynnimt.

Fanwegen de ynfallen fan de Wytsings ferhûzen de reliken fan de bruorren eartiids fan Nantes nei Orléans. Doe wreide de ferearing fan de bruorren him út nei it eastliker lizzende streamgebiet fan de Loire. Ek tsjintwurdich hat Orléans noch in oan Donatius wijde tsjerke. Yn 1092 ferhûzen de reliken nei de katedraal fan Nantes en waarden se yn in relykhâlder fan goud en sulver bewarre, dy't nei de Frânske Revolúsje ferfongen waard troch in houten relikwarium.

It plak oan de Rue Dufour, dêr't Donatius en Rogatius yn Nantes eksekutearre binne, wurdt hjoed-de-dei mei in monumint fan twa krusen betocht.

De bylden fan Donatius en Rogatius siere it haadportaal yn de narteks fan de katedraal fan Nantes.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Donatien de Nantes