Katedraal fan Nantes

De Cathédrale Saint-Pierre-et-Saint-Paul (Petrus en Pauluskatedraal) yn Nantes, Frankryk, is de katedraal fan it roomsk-katolike bisdom Nantes. De bou fan de goatyske katedraal, dy't wol 457 jier duorre en pas yn 1891 foltôge waard, sette op it plak fan in eardere romaanske katedraal yn 1434 útein. Yn 1862 is de katedraal troch it Frânsk Ministearje fan Kultuer klassifisearre as in histoarysk monumint. Yn juny 2020 waard de katedraal troffen troch in slimme brân, wêrby't it histoaryske oargel folslein ferlern gyng.

Petrus en Pauluskatedraal

Cathédrale Saint-Pierre-et-Saint-Paul

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
regio Pays de la Loire
departemint Loire-Atlantique
plak Nantes
koördinaten 49° 13' N 1° 33' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Nantes
patroanhillige Petrus en Paulus
Arsjitektuer
boujier 1434-1891
boustyl Gotyk
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side katedraal
Side Bisdom
Kaart
Katedraal fan Nantes (Frankryk)
Katedraal fan Nantes

Al fier foar it kristenjen fan Frankryk wie it plak fan de katedraal in hillich plak. Yn de Romeinske tiid stie der oan de god Janus opdroegen timpel. Letter stie op it plak in 4e iuwske basilyk. De earste echte katedraal ûntstie yn de jierren 527-549. Wytsings dy't mei harren skippen de Loire op farden skanarren de katedraal tusken 843 en 919 sa slim, dat fan it gebou yn 940 mei de befrijing fan Bretanje fan de terreur fan de Wytsings allinne noch in púnbulte oer wie. Biskop Benediktus fan Cornouailles (1079–1112) joech opdracht ta in nijbou yn romaanske styl.

 
Ynterieur

De bou fan de hjoeddeiske katedraal sette yn 1434 útein yn in tiid dat Bretanje in tiid fan wolstân meimakke. De Bretonske hartoch Jehan V bleau yn de Hûndertjierrige Kriich relatyf neutral en dat makke dat der jild wie foar projekten lykas it bouwen fan in nije katedraal. Hy wie it ek dy't de earste stien foar de katedraal lei. De earste boumaster wie Willem fan Dommartin-sur-Yèvre. Oars as wenst waard yn Nantes net mei it koer maar mei de westlike gevel begûn. Tsjin it ein fan de 15e iuw wie it measte fan de gevel foltôge. De tuorren lykwols bleaune lykas by de measte Frânske goatyske katedralen ûnfoltôge. De wijing fan it skip fûn pas yn 1577 plak. Yn dy tiid hie de tsjerke noch gjin gewelven.

Nei in skoft rêst waard fanôf 1627 wer fierder wurke oan de katedraal. De gewelven fan it middenskip waarden tusken 1627 en 1629 ynbrocht, it súdlike transept folge yn de jierren 1631-1637 en de bou fan de súdlike sydskippen fan it koer tusken 1650 en 1668. Dêrnei bleau de tsjerke mei it noch romaanske koer oant yn de 19e iuw foar in grut part itselde.

Yn de Frânske Revolúsje gyng in grut part fan de ynrjochting en de âlde brânskilderde ramen ferlern. De tsjerke waard as hynstestâl en arsenaal brûkt. Foar de ûnthillige katedraal drige ôfbraak om sa romte te meitsjen foar in strjitwei, mar dat plan waard troch in rapport fan de boukundich ingenieur Mathurin-Julien Grolleau (1734-1806) tefoarren kommen. Nei it konkordaat fan Napoleon fan augustus 1800 waard de katedraal wer as tsjerke brûkt. It makke ek de foltôging fan de katedraal as suver goatysk bouwurk mooglik. Sa waarden tusken 1840 en 1849 it noardlike transept ferboud en tusken 1845 en 1865 in nije krypte om de romaanske hinne boud. Ek waard begûn mei de ferbouwing fan it koer en de tafoeging fan in goatyske krâns fan fiif kapellen. Op de earste krystdei fan 1891 wijde biskop Jules-François Le Coq de foltôge katedraal

Op 15 juny 1944 fernielden alliearre bommen dielen fan it koer en de sakristy. De weropbou duorre lang en op 28 jannewaris 1972 ûnstie by de restauraasje in brân, dy't it houten dak fernielde. De gewelven bleaune lykwols yntakt De dêrnei folgjende restauraasje duorre oant 1985 en wurdt beskôge as de meast folsleine restauraasje fan in Frânske katedraal. Ek de noch net ferholpen skea út de Twadde Wrâldkriich waarden mei dy restauraasje ferholpen.

 
It ferneatige histoaryske oargel

Op 18 july 2020 briek tsjin acht oere moarns yn de katedraal brân út. It wie de twadde grutte tsjerkebrân yn koarte tiid: fiif jier earder waard ek de monumintale Basilique Saint-Donatien-et-Saint-Rogatien troffen troch in earnstige brân.

Neffens de lokale prokureur Pierre Sennès soe it fjoer op trije ferskillende plakken yn de katedraal ûntstien wêze: by it haadoargel, op de rjochter kant en op de lofter kant fan it tsjerkeskip. Dêrfandinne waard der útgien fan in mooglike brânstifting. In 39-jierrige asylsiker, en mistsjinner yn de katedraal, waard oanholden as mooglike fertochte, mar dy waard al hiel gau wer frijlitten om't er neffens de berjochten neat te meitjen hie mei de brân.[1] De brân soe no ynienen in spontane oarsaak hawwe, ek al wiene der trije plakken dêr't it fjoer ûnstien wie. In pear dagen letter waard de 39-jierrige man út Rûanda wer op 'e nij arrestearre. De man hie no bekend de brân al oanstutsen te hawwen.[2]

Fandalisme yn Frânske tsjerken is in tanimmend probleem. Allinne al yn it earste fearnsjier fan 2019 wie der 228 kear sprake fan anty-kristlik geweld yn it lân. [3]

 
Grêfmonumint fan hartoch Frâns II fan Bretanje en syn frou Margareta fan Foix

By de brân gyng it haadoargel folslein ferlern. It oargel gyng werom op it jier 1619 en waard oarspronklik boud troch Jacques Girardet as in ynstrumint fan 27 registers. Yn de rin fan de tiid waard it yn fiif grutte restauraasjes ta in fjouwermanualich ynstrumint fan 74 registers útboud.[4][5] Njonken it haadoargel gyngen ek it grutte brânskildere raam tusken de twa tuorren, oare brânskildere ramen en in tal skilderijen ferlern. De restauraasje sil teminsten trije jier duorje.

  • Heechalter (likernôch 1733) mei moarmeren ingels fan Sébastien Leysner fan 1779
  • Renêssânse grêfmonumint fan hartoch François II en syn frou Margarethe fan Foix yn it súdlike sydskip (oant de Frânske Revolúsje yn de Karmelitentsjerke). Swart en wyt moarmer, heechweardige byldhouwurk fan de fjouwer deugden, wêrfan't Prudentia in Januskop hat.
  • Grêfmonumint Lamoricières út 1878 yn it noardlike sydskip.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale von Nantes