Basilique de Valère

De Basilyk fan Valeria (Frânsk: Basilique de Valère) is in tsjerke op de súdlike fan de twa heuvels oan de grins fan de eastlike binnenstedskant fan Sion yn it Switserske kanton Wallis. Yn de tsjerke hinget ien fan de âldste noch te bespyljen oargels fan 'e wrâld.

Basilyk fan Valeria

Basilique de Valère

Lokaasje
lân Switserlân
kanton Wallis
plak Sion
adres Rue des Châteaux, 1950 Sion
koördinaten 46° 14' N 7° 21' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-katolike Tsjerke
bisdom Bisdom Sion
Arsjitektuer
boujier 12e iuw
boustyl Romaanske arsjitektuer
Webside
side bisdom
Kaart
Basilique de Valère (Switserlân)
Basilique de Valère

Bou en skiednis

bewurkje seksje

It kastiel en de basilyk, ferneamd nei Valeriana, de mem fan de Romeinske stedsprefekt Titus Campanius Priscus Maximianus, lizze op ien fan de twa heuvels dy't oan de eastlike kant fan de stêd Sion oprize. Alhoewol't der al sûnt de Keltyske tiid bebouwing west hat, wurdt der fan de boarch en tsjerke foar it earst yn 1049 melding makke. De âldste dielen fan de trijeskippige en fjouwer traveeën tellende basilika mei dwersskip en twa oant it koer grinzjende kapellen, ûnstiene fan 1110 oant 1130 yn heechromaanske styl. Letter waarden de toer boppe de noardlike kant fan it dwersskip, de mearhoekige finsters boppe de healrûne apsis en it tonferwulft boppe de pylders tafoege.

Yn de 13e iuw krigen it skip en de sydskippen in krúsribferwulft neffens it foarbyld fan de katedraal fan Lausanne. Ek waard yn dy tiid in doksaal ynboud, dy't it koer fan it skip skiedt. Yn de foar de beafeart tsjinjende tsjerke stie it genedebyld, in moarmeren goatysk byld fan in Madonna mei bern út it begjin fan de 15e iuw, sintraal. Noch jimmeroan stiet it dêr heech boppe it heechalter. De muorren fan it koer binne fersierd mei fresko's fan apostels, profeten en hilligen.

 
Oargel

Sûnt de 8e iuw is de Notre Dame de Sion yn it sintrum fan de stêd de katedraal fan it bisdom Sion. It kastiel fan Valeria waard yn de 11e-12e iuw as residinsje fan it domkapittel boud. De prinsbiskop, dy't sawol de saken fan de tsjerke as dy fan de oerheid regele, residearre yn it kastiel Tourbillon op de oanbuorjende heuvel. Sa bleau it oant de Frânsen yn 1798 it lân binnenfoelen. En alhoewol't de Notre Dame de Sion nea de status katedraal ferlern hie, waard de tsjerke doe ek de fakto wer de katedraal fan it bisdom. Fanwegen dat lêste ferlear ek de ferearing fan it genedebyld yn de rin fan de tiid oan betsjutting en naam de ferearing fan de twadde beskermhillige fan Wallis, Katarina fan Aleksandrje, ta.

Paus Jehannes Paulus II joech de Tsjerke fan Valeria yn 1987 de earetitel basilica minor.

De eardere romten fan it domkapittel wurde tsjintwurdich oan it kanton Wallis ferhierd, dêr't it Kantonale Historyske Museum is ûnderbrocht.

Oan de westlike kant fan it skip hinget it swellenêstoargel, dat op de 15e iuw, mooglik op de 14e iuw werom giet en ta de âldste noch te bespyljen oargels fan 'e wrâld heart.[1] It oargel telt noch trije registers út 1390 en waard yn 1687 mei fjouwer registers útwreide.

Yn de 19e iuw rekke it ynstrumint yn it ferjitten. Nei't hja yn 'e rekken krigen wat de wearde fan it bysûndere ynstrumint wie, waard it oargel yn de jierren 1950 troch konservator Maurice Wenger stadichoan wer nei libben ynblaasd.

Sûnt 1969 wurdt it alle simmers brûkt yn it ramt fan it Ynternasjonale Festival foar âlde Oargels (Festival de l’orgue ancien de Valère).


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Basilique de Valère