Bassekou Kouyaté
Bassekou Kouyaté (Garana, 1966) is in muzikant út Maly dy’t ferneamd waard as firtuoas Ngoni-bespiler en modernisearrer fan de muzyk fan de West-Afrikaanske Griots. Ngoni ba is de namme fan syn band.
Libben
bewurkje seksjeHy waard berne yn Garana, yn Barouéli Cercle, 60 kilometer fan Ségou.[1] Doe't er tolve jier wie sette er útein mei it bespyljen fan de Ngoni. Ein jierren 80 ferhuze er nei de haadstêd Bamako.[2]
Kouyaté syn album Segu Blue[3] waard 2007 ynternasjonaal útbrocht troch ‘’Out Here Records’’ . It album waard produsearre troch Lucy Duran.[2] Teffens hat er meidien op in tal platen fan Toumani Diabaté [2] en yn ferskate Europeeske lannen konserten jûn.[2]
Kouyaté syn frou, Ami Sacko, is ek muzikant en spilet yn syn band.[2] Syn heit Mustapha Kouyaté bespile de ngoni en mem Yagaré Damba wie in praise-sjongster.[1]
Yn 2013 ferskynde Kouyate, mei Amy Sacko and Ngoni ba, op The Proms.
Diskografy
bewurkje seksje- Toumani Diabaté: Songhai (Nuevos Medios, 1989)
- Toumani Diabaté: Djelika (Hannibal, 1995)
- Ali Farka Touré: Savane (World Circuit, 2006)
- Bassekou Kouyaté & Ngoni ba: Segu Blue (2007)
- Bassekou Kouyaté & Ngoni ba: I speak Fula (2009)
- Bassekou Kouyaté & Ngoni Ba: Jama ko (Out Here Records, 2013)
- Bassekou Kouyaté & Ngoni Ba: Ba Power (Glitterbeat, 2015)
- Bassekou Kouyaté & Ngoni Ba: Miri (Outhere Records, 2019)
Filmografy
bewurkje seksje- 2008: Throw Down Your Heart, fan Sascha Paladino: as himsels
- 2013: The Africa Express, fan Renaud Barret en Florent de La Tullaye: as himsels
- 2016: Easy Man, fan Jasper Cremers en Dennis de Groot: as himsels
- 2016: Mali Blues, fan Lutz Gregor: as himsels
Prizen
bewurkje seksje- 2008 - BBC3 Awards for World Music - Album fan it Jier & Afrikaansk Artyst fan it Jier.[4]
- 2007: Tamani foar de beste fideoklip
- 2010: Kora Award yn de kategory 'Bêste tradisjonele keunstner'
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|