- Hongarijes eed'le lieder,
- Batthyany is no wei;
- Krûd en lead fan kroande boalen
- Naam him fan dizze ierde wei.
- Rôf kaam by de moardnerije,
- En men stiel syn skatten ek;
- 't Earst geslacht fan Hongarije
- Moast jit oan de biddelsek.
- Magyaarske dapp're helden
- Fochten Hongarije frij;
- Eastenryk syn rôfkroäten
- Sloegen en ferjagen sy.
- No kaam Ruslân mei syn benden
- Ut it rûge noarden op,
- Om it folkerjucht te skenden,
- Mei de kûgel, mei de strop.
- Wat net flechtsje koe, moast stjerre,
- Want genede wie der net;
- Mar de sultan fan Turkije
- Toande jit in minsklik hert.
- Kristenboalen moatte leare
- Deugd en edelmoedichheid
- Fan in Turk, in man mei eare:
- Skande foar de kristenheid!
|
|
- Batthyany is fermoarde
- Foar de frijheid fan syn ryk
- Hongarije is ferplett're,
- Frijheidsstandert leit yn 't slyk.
- Heal Europa is fol woede
- Om it yslik grouwelstik;
- Mar de wraak komt mei syn roede:
- Trilje dan, tirannen, skrik!
- Ienris sil dy dei oanbrekke,
- As in swarte tongerwolk;
- Dan sil hiel Euroop' opkomme
- Foar it eed'le Ongersfolk.
- Ja, fandaalske tirannije!
- Tink net dat de wraak ferjit
- De eed'le deaden, ja dy swije,
- Mar har geast, dy libbet jit.
- Libbet! Edele Hongaren!
- Spriedt him hiel it ierdryk oer,
- Fier oer de Atlantis hinne
- As in helder, hillich fjoer
- Hoopj', o Ongersman en Poalen!
- Jitte is it tsjust're nacht:
- Leit de frijheid no ferhoalen,
- Ienris komt se ûnferwacht'!
|