Skors

(Trochferwiisd fan Beamskors)

De skors of skoars is de bûtenste laach fan 'e stâlen en stammen fan houtplanten, en it ôfstoarne, bûtenste part fan 'e bast. Skors bestiet út koark. De wanden fan 'e sellen derfan binne ûntrochlittend wurden troch de ôfsetting yn 'e selwand fan suberine, dat sterk op lignine liket. Dêrtroch fungearret de skors as in soartemint hûd foar de plant, dy't beskerming biedt tsjin alderhanne ynfloeden fan bûtenôf, lykas skimmels, baktearjes en skansearrings.

De skors fan in beam.

De bekendste skorsfoarm is dy fan 'e koarkiik (Quercus suber), in beam út de famylje fan 'e bûkeftigen (Fagaceae), dy't yn it Middellânske-Seegebiet groeit, fral op it Ibearysk Skiereilân. Om 'e tsien jier is dêrfan de skors oangroeid ta in rispbere laach, dêr't koarken fan makke wurde foar de ôfsluting fan û.o. wynflessen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.