Bedriuweterreinen fan De Jouwer
De fjouwer bedriuweterreinen fan De Jouwer binne Tolhûswei, Sewei, De Wâldfinnen en De Ekers.
Tolhûswei
bewurkje seksjeIt bedriuweterrein Tolhûswei leit oan de noardwestkant fan De Jouwer. It diel fan DE en Imperial Tobacco docht oan as in eigen bedriuweterrein. It gebiet leit oan de Tolhûswei en de Vegelinswei. Der steane ferskate soarten bedriuwen, mar ek It Toanhus (muzykskoalle en edukatyf sintrum) en de Evenemintehal. Op it bedriuweterrein steane yn 2018 tradisjonele bedriuwen lykas in coatingservice, in garaazje, in boubedriuw en in drukkerij. Ek steane dêr de fabriken fan Douwe Egberts en Imperial Tobacco. Fierders is der detailhannel yn fytsen, keukens en túnhúskes en in brânwarkazerne oan de Tolhûswei. Yn de noardwestlike hoeke stiet de horekagelegenheid ’t Haske (partycentrum/bowlingbaan). Tichtby de bûten it plangebiet lizzende jachthaven steane oan de Slachtedyk inkelde skiphuzen
Sewei
bewurkje seksjeIt bedriuweterrein Sewei leit oan de eastside fan De Jouwer by it Ferkearsknooppunt De Jouwer. De ûntsluting bart oer de Sewei dy’t oan de súdkant oanslút op de Geert Knolwei en oan de noardkant op de Haskerfjildwei. Fanôf de Sewei wurdt it bedriuweterrein ûntsluten troch ferskate ûntslutingsdiken. Oan de noardkant is it terrein te berikken oer de Haskerfjildwei. It bedriuweterrein wurdt oan de eastkant fan de Sewei yn de súd-noardrjochting trochsnien troch de Wyldehoarnstersingel. Dy singel is ôfsluten foar motorisearre ferkear. De bebouwing fan it gebiet is ûngelyk yn kavelgrutte en -rjochting. It terrein op de hoeke fan de Polderbosdyk en de Haskerfjildwei is yn 2019 noch ûnbeboud.
Neist tradisjonele bedriuwen sitte oan de súdkant in ANWB-wegenwachtstasjon, in distriktskantoar fan Rykswettersteat, inkele huzen en in wenweinlokaasje. Fierders steane ferspraat oer it terrein in toskedokterspraktyk en in sportskoalle. Neist de gemeentewerf in it gemeentlik miljeuterrein sit it Wetterskip Fryslân. Ek stiet der in omrinwinkel, detailhannel as garaazjes, breidsboetyk, lânbouark, badkeamers en kokens en fytsen.[1]
De Wâldfinnen
bewurkje seksjeIt bedriuwepark De Wâldfinnen leit oan de súdkant fan De Jouwer. Troch de foarmjouwing en de romme opset wurdt De Wâldfinnen oantsjutten as bedriuwepark ynstee fan bedriuweterrein. It bedriuwepark leit oan ien kant oan de Sewei, en wurdt oan de Sewei ûntsluten troch de Mercatorwei en de Madame Curiewei. It terrein grinzet mei de súdkant oan de Rykswei A7. De bebouwing bestiet meast út kantoareftige bedriuwen. It park waard yn 2019 útwreide ûnder de namme Wâldfinnen III.
De bedriuwen op de Wâldfinnen binne benammen rjochte op kennisyntinsive en heechweardige bedriuwen. Op it park steane neist bedriuwen dan ek bedriuwen mei in kantoarútstrieling inkele selsstannige kantoaren en bedriuwen mei ynpânige wennings. Yn 2017 is op it súdlike diel oan de A7 in meubelbûlevaar komd. Op het terrein steane fierder in skysintrum, in beukerboartersseal en in berneboartershal.
De Ekers
bewurkje seksjeBedriuweterrein De Ekers beslacht 28 hektare en leit oan de eastkant fan De Jouwer. It krijt noch in ûntsluting nei de A7 rjochting It Hearrenfean.[2] It terrein grinzet oan bedriuweterrein Sewei. De bedriuwsbebouwing wurdt oan de eastkant troch de Flueskamp begrinze en oan de súdkant troch de âlde grins fan it Hurdspytsje, de Polderboskdyk.[3]
De Ekers hat in soad wetterpartijen en leanebeplanting. Oan de eastkant fan de Wyldehoarnstersingel steane ûnder oare twa sloopbedriuwen, in opslachplak foar fjoerwurk en in boumerk. Oan de Haskerfjildwei is in ferkeappunt fan motorbranje, dat benammen brûkt wurdt troch transportbedriuwen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|