In begangel is in fizioen fan immens lykstaasje. Yn 'e Fryske folkloare wie it byleauwe fan âlds dat as men de begangel fan in bekende seach, dy persoan mei koarten komme soe te ferstjerren. Yn âlde folksferhalen oer foartsjirmerij nimt de begangel sadwaande in foaroansteand plak yn. In synonym foar begangel is lykskune. Ek lykstaasje en lykprekaasje waarden wol brûkt, mar dy oantsjuttings ferwize yn it foarste plak nei in wiere lykstaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: