Beierske wrotmûs
De Beierske wrotmûs (wittenskiplike namme: Microtus bavaricus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ûndergrûnske wrotmûzen fan de Alde Wrâld (Terricola). Dit bist waard foar it earst as soarte beskreaun troch soölooch Claus König, yn 1962. De status fan 'e Beierske wrotmûs as in aparte soarte is yn 2007 befêstige troch genetysk ûndersyk, al is er tige nau besibbe oan 'e liechtensteinwrotmûs (Microtus liechtensteini) út 'e eastlike Alpen. Der binne 23 opsette eksimplaren yn museumkolleksjes.
Beierske wrotmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Microtus bavaricus | ||||||||||||
König, 1962 | ||||||||||||
IUCN-status: krityk
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Fersprieding
bewurkje seksjeDe Beierske wrotmûs libbet yn fochtige berchgreiden, en komt foar tusken 600-1.000 m hichte. König ûntdiek it bist yn 1962 op ien plak, deunby it sky-oard Garmisch-Partenkirchen, yn it uterste súdeasten fan 'e Dútske dielsteat Beieren. Op dyseldichste lokaasje waard lykwols yn 'e tachtiger jierren in sikehûs oanlein, en mei't der sûnt 1962 gjin oare eksimplaren fan 'e soarte mear fûn wiene, waard de Beierske wrotmûs as útstoarn beskôge.
Yn 2000 trof de Eastenrykske wittenskipster Friederike Spitzenberger lykwols samar in eksimplaar yn ien fan 'e mûzefallen oan dy't se brûkte om libbene bisten te fangen foar har ûndersyk nei oare soarten kjifdieren. Dat wie yn Rofan, yn 'e Brandenberger Alpen, krekt oer de Dútsk-Eastenrykske grins yn Tiroal. Fierder ûndersyk nei de Beierske wrotmûs is needsaaklik, mar fanwegen it miniskule ferspriedingsgebiet, it feit dat de soarte by Garmisch-Partenkirchen weiwurden liket te wêzen, en om't it fynplak by Rofan likemin yn in beskerme natoergebiet leit, hat er de IUCN-status fan "krityk" krigen, wat sizze wol dat de soarte op it rântsje fan it útstjerren balansearret.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |