Belgereed
Oan ‘e Jan Schotanuswei fan Aldemardum nei Riis begjint tusken de húsnûmers 82 en 84 it sânpaad dat fan ‘e Earste Wrâldoarloch ôf de Belgereed neamd waard. Dy Belgereed rûn oan 'e Fonteinbosk ta. Hjoed-de-dei wurdt dat stik reed ek al ta de Kooilaan rekkene. Dêrtroch liket de namme Belgereed topografysk yn it ferjittersboek te reitsjen.
Yn ‘e earste Wrâldkriich tusken 1914 en 1918 wiene yn Gaasterlân in soad Belgyske militêren ynkertiere. Om’t Nederlân yn dy oarloch neutraal wie, moast de steat dy militêren ûntwapenje en dêrnei beweitsje. Trochdat Gaasterlân nochal in úthoeke wie, koene allinne de omlizzende brêgen bewekke wurde. De earste ynkertiering wie yn 1914 yn 'e nije noch leechsteande pleats, Jan Schotanuswei 84. It stik bosk efter de pleats waard kappe en dêr kamen barakken en yn 1916 it frouljuskamp Boschkant. It sânpaad njonken de pleats waard in soarte fan moetingsplak foar Belgyske flechtlingen en minsken út ‘e krite en krige sa syn namme. Yn 1916 kamen der ek noch in hûnderttal Belgyske húshâldingen nei it âlde stienfabryk by Riis.
De Belgenreed
bewurkje seksjeUnder de titel De Belgenreed, 2014, hat de Flaamske skriuwster Ida van Dessel mei help fan Pieter Folmer, in Fryske freon út har jeugd, omtinken jûn oan de tiid dat der in soad flechtlingen út Belgje yn Gaasterlân asyl krigen.