Bell is in plak yn 'e lânkring Mayen-Koblenz yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

Bell
Sint-Florinustsjerke.
Sint-Florinustsjerke.
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mayen-Koblenz
Sifers
Ynwennertal 1.350 (2022)[1]
Oerflak 10,26 km²
Befolkingsticht. 132 ynw./km²
Hichte 370 m
Oar
Postkoade 56745
Koördinaten 50° 23' N 7° 14' E
Offisjele webside
www.bell-eifel.de
Kaart
Bell (Rynlân-Palts)
Bell

It Eifeldoarp makket diel út fan 'e ferbânsgemeente Mendig.

De namme fan it plak is nei alle gedachten fan Keltyske oarsprong en betsjut soks as heechlizzend of op 'e hichte. Grêffynsten efter it hjoeddeiske tsjerkhôf tsjut op in bewenning fan likernôch 200 f. Kr.

Letter besetten de Romeinen it gebiet en opgravings brochten leidingen oan it ljocht, dy't noch fierder yn 'e grûn rinne en op Romeinske bewenning tsjutte. Ek bewurke tufstien wize der op dat de Romeinen de dowestien fan Bell eartiids al as boumateriaal brûkten.

Yn 'e 19e iuw libbe hast it hiele doarp fan 'e bou fan bakûnen. In soad bouwers wiene lang fan hûs oant fier oer de grinzen fan Dútslân hinne om ûnen te bouwen. It materiaal fan 'e ûnen wie ôfkomstich út de groeves om Bell hinne. De dowestien waard mei hynder en wein nei de lokaasje brocht of nei de Ryn, om it fan dêr mei it skip fierder te ferfieren. It ambacht is oant op 'e dei fan hjoed bewarre bleaun en der binne noch trije bedriuwen dy't ûnen bouwe, al is dat net mear neffens itselde konsept.

Troch in bombardemint op 2 maart 1945 rekke de Sint-Florinustsjerke fan Bell slim skeind. De toer waard folslein ferneatige en de rest fan 'e tsjerke rekke slim skeind. Nei de oarloch bouden de ynwenners harren tsjerke wer op.

Oant nei de Twadde Wrâldkriich prate it hiele doarp noch it saneamde Beller Platt. Hjoed-de-dei wurdt it dialekt hast net mear praat.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • De Sint-Florinustsjerke (1913-1915).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Bell (bei Mendig) (ferzje 22 juny 2024)