Bely Gorod
Bely Gorod (Russysk: Белый город; oerset: Wite Stêd) is in histoarysk stedsdiel fan Moskou, Ruslân.
De oan de noardlike kant fan de Moskva lizzende Wite Stêd waard beskerme troch wyt kalke muorren (fandêr de namme fan it stedsdiel). It kremlyn fan Moskou en it eastlik dêrfan lizzende histoaryske stedsdiel Kitaj Gorod waarden troch de Wite Stêd omsletten.
De muorre fan de Wite Stêd foarme nei de muorren fan it kremlyn en Kitaj Gorod de tredde fortifikaasje fan Moskou en waard tusken 1585 en 1593 ûnder it regear fan Fjodor I oanlein. De muorre wie likernôch 10 kilometer lang en 4,5 meter heech en waard ôfwiksele troch 27 tuorren en 11 poarten. De nammen dêrfan bleaune bewarre yn de pleinen dy't letter op it plak oanlein binne. Njonken de muorre makke ek in grêft diel út fan it ferdigeningssysteem en fersoarge in ûndergrûnske wetterlieding ûnder de muorre troch de stêd fan wetter.
Under it regear fan Katarina de Grutte waard de muorre ôfbrutsen en ferfongen troch bûlevaars.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|