Kitaj-Gorod is in histoaryske wyk yn Moskou en wurdt troch it Reade Plein skieden fan it kremlyn. It gebiet waard fan ôf de tolfte iuw ûntwikkele troch keaplju en hannelslju, dy't yn tsjinst wiene fan de tsaar. De buert hie oarspronklik allegear lytse strjitsjes en wie ommuorre mei oant seis meter dikke muorren en tal fan tuorren en poarten. Tidens de Sovjet-tiid feroare dat en hûzen, muorren en tsjerken en kleasters waarden yn de jierren 1930, 1940 en 1960 ôfbrutsen om it gebiet yn te rjochtsjen foar partij- en bestjoersynstellings. Ek kaam der in metro-stasjon.

De lizzing fan Kitaj-Gorod (read) yn it Moskouse stedsplan
De Ferrizenispoarte fan Kitaj-Gorod

Tsjintwurdich is Kitaj-Gorod it sakendistrikt fan Moskou. Kitaj-Gorod hat sels gjin permaninte ynwenners, mar ken nettsjinsteande it grutte ferlies fan tal fan monuminten noch jimmeroan in rykdom oan monuminten.

Fakentiden wurdt Kitaj-Gorod oerset as Chinatown, om't yn de moderne Russyske taal Kitaj Sjina betsjut en Gorod stêd. De namme Kitaj hat lykwols neat mei Sjina fan dwaan en soe oarspronklik ferwize nei fêsting. Oaren miene dat it wurd kitaj fan it wurd kit ôfstamt en sa ferwiisde nei it flechtwurk, wêrmei't de wâlen om de delsetting hinne oanlein waarden.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: