Ben Hulsman
Bernard (Ben) Hulsman (Amsterdam, 25 maart 1931 – dêre, 7 maart 2018) wie in Nederlânske toaniel-, film- en telefyzje-akteur.
Ben Hulsman | ||
akteur | ||
Ben Hulsman yn Citroentje met suiker (1972) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 25 maart 1931 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 7 maart 2018 | |
stjerplak | Amsterdam | |
jierren aktyf | 1945 – 2005 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Libben en wurk
bewurkje seksjeHulsman kaam út in artystefamylje en debutearre op syn fjirtjinde. Fan 1959 oant 1961 wie er oansletten by it teäterselskip Puck en fan 1961 oant 1984 by Toneelgroep Centrum. Hy spile der yn stikken fan ferneamde toanielskriuwers as William Shakespeare, Bertolt Brecht, Jean-Paul Sartre en Harold Pinter. Ek bûten dizze toanielselskippen wie er yn it teater aktyf. Letter lei er him ek ta op it spyljen fan filmrollen, lykas ûnder mear yn de films Onder de maat fan regisseur Dick Maas, Ik ben Joep Meloen en Een frou als Eva fan regisseuse Nouchka van Brakel.
Bekend waard er lykwols troch syn rol fan de linkse pake Willem Bol yn de komyske telefyzjesearje Oppassen!!! dy 't yn de jierren 90 op telefyzje te sjen wie. Dêrfoar hie er ek al meispile yn de ek komyske telefyzjesearje De Brekers, wêryn 't er Huib, in wat louche figuer, delsette. Fierder spile er op 'e telefyzje in protte gastrollen, lykas yn Baantjer en Dossier Verhulst.
- Priveelibben
Ben Hulsman wie de soan fan revuedanseres, skildersmodel en aktrise Juliëtte Hulsman (1911–1999). Syn beppe Hetty Ruys (1889-1973) wie in aktrise en de twillingsuster fan akteur Cor Ruys. Hulsman wie troud mei aktrise Rita Henneken. Hy ferstoar yn maart 2018 yn de âldens fan hast 87 jier.
Telefyzje
bewurkje seksje- 1960 - Varen is fijner dan je denkt - as dûanier
- 1964 - Herrie om Harrie - as ynspekteur King
- 1964 - Swiebertje - as Jan Duim
- 1970 - 't Schaep met de 5 pooten - as Tinus
- 1972 - Citroentje met suiker - as trambestjoerder Thijs van Vliet
- 1973 - Uilenspiegel - as Michiel
- 1975 - Van oude mensen, de dingen die voorbij gaan - as plysje-ynspekteur
- 1975 - De verlossing - as Boer / Louis
- 1975 - Amsterdam 700 - as Livreifeint
- 1976 - Hotel de Botel - as plysje
- 1977 - Hollands Glorie - as Rijkens
- 1978 - Dubbelleven - as Freddy
- 1978 - Het is weer zo laat! - as Verkade
- 1978 - Pipo en de Noorderzon - as Doarpshaad
- 1979 - Goed volk
- 1983 - Kanaal 13
- 1985 - Het bloed kruipt - as Ben Wissing
- 1985+1988 - De Brekers - as Huib
- 1986–1987 - Dossier Verhulst - as resjersjeur Peters
- 1988 - Drie recht, één averecht - as Giesbers
- 1988 - Zeg 'ns Aaa - as skilder
- 1989 - Laat maar zitten- as kroegbaas - VARA 1989
- 1989 - Rust roest - as klant by de bank
- 1991–2003 - Oppassen!!! - as pake Willem Bol
- 1997 - Kinderen voor Kinderen - as pake Willem Bol
- 2003 - Bergen Binnen - as pake Willem Bol
- 2003 - Baantjer - ôfl. De Cock en de moord met een swing - as Jaap de Weers
- 2005 - Sinterklaasjournaal - as foarsitter hynstesportferiening Minerva
Film
bewurkje seksje- 1960 - Arsenicum en oude kant - as plysje Klein
- 1960 - De huzaren - as feint Giacomo
- 1962 - De laatste trein - as Kees
- 1962 - De komiek - as Johnny Kievit
- 1962 - De rally
- 1974 - Het huis aan de gracht - as Henri
- 1976 - Vandaag of Morgen
- 1977 - De Vergaderzaal
- 1977 - Blindgangers - as Fons
- 1978 - De mantel der liefde
- 1979 - Een vrouw als Eva - as Gerrit
- 1980 - Onder de maat
- 1981 - Ik ben Joep Meloen - as kafeebaas
- 1983 - An Bloem - as Frans
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ben Hulsman fan Wikimedia Commons. |