Benghazi (Arabysk: بنغازى Banġāzī, ek: Bangazi, Bengasi of Banghazi) is in stêd yn it noardeasten fan Lybje en de twadde stêd fan it lân nei Tripoly. It is it haadplak fan de gemeente (Shaabiyah) mei deselde namme en de meast wichtige stêd fan it distrikt Syrenaika. Bengazy leit oan de Middellânske See.

Bengazy
Bestjoer
Lân Lybje
Gemeente Bengazy
Sifers
Ynwennertal (2010)
Oerflak 43,5 km²
Stêdekloft 670.797 (2006)
Oar
Koördinaten

Satellytbyld fan Bengazy

Iere skiednis

bewurkje seksje

Al yn de 7e iuw f.Kr. wie dêr in delsetting fan Grykske kolonisten mei de namme Hesperides. In protte archeologyske fynsten, fral diggelguod, tsjûgje dêrfan. Letter kaam dy delsetting ûnder bestjoer fan de Romeinen dy't dêr in grutte joadske koloanje stiften. De stêd waard yn de 5e iuw oerfallen troch de Fandalen; in grut part fan de oarspronklike bebouwing en ynfrastruktuer waard doe ferneatige. Yn de 7e iuw kaam de stêd yn hannen fan Arabieren. Under har bewâld oant healwei de 16e iuw bleau Bengazy in regionaal hannelssintrum.

Ottomaanske en Italjaanse oerhearsking

bewurkje seksje
 
Troch de Italjanen oanleine boulevard

Yn 1550 waard Bengazy nei in lange belegering ynnaam troch Ottomaanske Turken. De stêd hâlde syn havenfunksje en waard in wichtige trochfierhaven, sawol foar frachtferfier oer lân as oer see. Yn 1911 ferovere Itaalje de stêd en waard de haven op 'en nij útdold en útwreide om de grutte klippers en steamboaten betsjinje te kinnen. Yn 1931 waard de Libyske frijheidsstrider Omar Mukhtar yn Bengazy ta de dea feroardiele en yn it tichtteby lizzende kamp Soeloek ophong.

Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de stêd swier skasearre troch bombardemint. Bengazy wurdt febrewaris 1941 ferovere troch de Britten, mar het Afrikakorps fan Erwin Rommel werovere de stêd er op 3 april fan itselde jier. Op 25 desimber 1941 feroveren de Britten de stêd foar de twadde kear, mar op 29 jannewaris 1942 waarden sy fannijs út de stÊd ferdreaun. Op 18 novimber 1942 slagget it de Britten om de stêd foar altyd te feroverjen.

Nei de Twadde Wrâldoarloch waard Lybje in ûnôfhinklik keninkryk ûnder lieding fan kening Idris I fan Lybje dy't yn Bengazy residearre.

Bombardemint yn 1986

bewurkje seksje

Op 15 april i986 waard Bengazy bombardearre troch fleanmasines fan de Amerikaanske marine ûnder Operaasje El Dorado Canyon, dy't bedoeld wie as ferjilding foar in oanslach op 5 april yn in diskoteek yn Berlyn dêr't in protte Amerikanen wiene. De Libyske lieder Moammar al-Qadhafi waard ferantwurdlik holden foar dy terroristske oanslach.

Opstân 2011

bewurkje seksje

Febrewaris 2011 wie de stêd it toaniel fan fûl ferset tsjin it rezjym fan Moammar al-Qadhafi. De rebûljeplysje fan Lybje, op de hân fan al-Qadhafi, soarge op moandei 21 febrewaris 2011 foar in bluodrige fjildslach mei demonstranten dêr't tsientallen deaden by foelen.

De ekonomy fan Bengazy is foaral rjochte op it ferwurkjen fan lânbouprodukten út de omkriten en fiskerij. Bengasy is ek in sintrum fan de Oaljeyndustry yn Noardeast-Lybje.

De sted is oer lân te berikken oer de grutte dyk fan Kairo-Dakar; it hat in haven oan de Middellânske See en in fleanfjild (Koades: IATA: BEN, ICAO: HLLB).

Der binne plannen foar in spoar Sirte–Bengasy, as part fan in pan-arabyske west-east-as. Fan 1911 oant 1965 wie Bengasy mei in lokaal smelspoar ferbûn mei de omkriten.