Bennemastate (Hurdegaryp)

Bennemastate wie in state oan de Rykswei yn Hurdegaryp. De state waard koart nei 1661 boud as lânhûs. Stichter wie Jelmer Bennema, út it laach fan in rike bierbrouwer. Letter waard Bennema State in dokterswente en is yn 1953 kocht troch de Grifformearde tsjerke fan Oentsjerk, om er in tehûs foar 'âlden fan dagen' fan te meitsjen. Yn 1954 is Bennema State troch in stichting fan tsjerken oernomd. Bûtensteanders fan Hurdegaryp koenen sa beslisse oer de takomst fan in moaie state dy't in romleas ein fûn yn 1970. Op it frijkommen stee is in fersoargingshûs set mei deselde namme.

Bennemastate
Bewenners
  • 1661 - 1668 Jelmer(us) Bennema
  • 1668 - 1713 Gerardus Fortuyn
  • 1713 Jelmer Gellius Fortuyn
  • 1713 - ± 1718 Jurjen Isacks Groenewolt
  • ± 1718 - 1725 Isaäck Groenewolt
  • 1725 - 1752 kolonel Willem Livius fan Vierssen
  • 1752 - 1777 Boelardus Augustinus fan Boelens
  • 1777 - 1792 bern fan Boelardus Augustinus fan Boelens, ferhierd
  • 1792 - 1824 Hillegonda fan Boelens
  • 1824 - 1841 Catharina Wielinga Huber
  • 1841 - 1871 Dr. Ulrich Herman Wielinga Huber (eigner, bewenner fan Martenastate)
  • 1871 - 1876 Epeus Huber (fiere neef fan foargeande)
  • 1876 - 1878 Albert Jans Gleistra
  • 1878 - 1880 Eeltje Mulder en Hendrik Fokkes van der Heide
  • 1880 - 1905 Frederik de Boer
  • 1905 - 1908 Hendrik Anema
  • 1908 - 1953 Pieter Gerlofs Bontekoe
  • 1953 diakony fan de Grifformearde Tsjerke te Oentsjerk
  • 1970 State ôfbrutsen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: