Ulrich Herman Wielinga Huber

Ulrich Herman Wielinga Huber (Ljouwert, 5 desimber 1792 - dêre, 17 oktober 1871) wie riedshear oan it Provinsjaal Gerjochtshof fan Fryslân fan 1838 oant 1861.

Ulrich Herman wie in soan fan Epeus Wielinga Huber en Hillegonda van Boelens. Hy studearre oan de Universiteit fan Grins, dêr't er 16 juny 1819 yn de rjochten promovearre op de dissertaasje De condemnatione ad bestias. Hy waard yn maaie 1825 ta rjochter yn de rjochtbank fan Ljouwert beneamd. Op 8 july 1830 keazen de Provinsjale Steaten fan Fryslân him ta lid fan de Twadde Keamer, mar hy hat dy beneaming wegere. Op 16 septimber 1838 waard er riedshear oan it provinsjaal gerjochtshof fan Fryslân. Op eigen fersyk waard er by keninklik beslút fan 2 oktober 1852 mei yngong fan in 1 novimber fan dat jier earfol ûntslein út dat amt.

Simmerdeis wenne er op Martenastate yn Koarnjum. Hy boaske yn 1821 jkfr. Anskje Doys Vegilin fan Claerbergen (1787-1866), widdo fan Gijsbert Casijn baron van Eck (1780 - 1814, frederjochter te Arnhim)[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vries, O., e.o., De Heeren van den Raede: biografieën en groepsportret van de raadsheren van het Hof van Friesland, 1499-1811; s. 362. Utj. Kostverloren, 1999