Benton City (Washington)
Benton City is in plak (city) yn Benton County yn de Amerikaanske steat Washington. Neffens de folkstelling fan 2010 hie it plak 3038 ynwenners en yn 2012 neffens in rûzing 3142. It leit 16 km bewesten Richland. It plak leit oan de rivier de Yakima, dy't eins út it westen wei besuden om it plak hinne rjochting it noardwesten rjochting Richland rint. De Rykswei Yntersteat 82 rint besuden it plak lâns, en skiedt it plak mei buordoarp Kiona.
Benton City | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Washington. | |
County | Benton County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3038 (2010) | |
Oerflak | 6,45 km² | |
Befolkingsticht. | 476,8 / km² | |
Hichte | 152 m | |
Oar | ||
Stifting | 1909 | |
Postkoade | 99320 | |
Tiidsône | Pacific (PST) UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Offisjele webside | ||
www.ci.benton-city.wa.us |
Yn 1909 is de plattegrûn fan it plak úteinset troch de Oregon Washington Railroad and Navigation Company op de krusing fan de Walla Walla en Yakima linen. It plak is ferneamd nei Benton S. Groscup, dochs net deselde as fan de county. Hy strúnde der op oan foar de skieding fan Benton County fan Yakima County. Yn 1910 waard in fracht en reizgers stasjontsje boud. Op 2 july 1945 waard it plak offisjeel in gemeente. Yn 1947 wie bewetterings wetter brocht fia it Sunnyside Kanaal en meitsje bewettering m en dus ek lânbou mooglik om it plak hinne. Yn 2002 is de Benton City-Kiona brêge ûnderbrocht yn it National Register of Historical Places.