Berch fan Fersiking
De Berch fan Fersiking is in berch yn de Judeeske Woastyn yn it Westjordaanlân en wurdt holden foar it plak dêr't Jezus neffens Mattéus 4:8 trijeris troch de duvel yn 'e ferlieding brocht waard. Wat it krekte plak west hat is net te sizzen, mar it wurdt yn 'e regel holden op de 366 meter hege heuvel noardwestlik fan de stêd Jericho yn Palestina.
Beskriuwing
bewurkje seksjeHealwei de berch leit it Gryksk-otterdokske Kleaster fan de Ferlieding of, yn it Arabysk, Deir al-Qarantal.
Boppe de berch is in muorre dat it Hasmoneeske fort Dok (1 Makkabeeërs 16:15) markearret. De muorre waard tsjin it ein fan de 19e iuw boud, doe't de Gryksk-otterdoksken fan doel wiene om dêr noch in kleaster te bouwen. De plannen waarden lykwols fanwegen brek oan jild nea foltôge.
Yn 1998 boude in Eastenryksk-Switsersk bedriuw in 1.300 lange kabelbaan fan Tell es-Sultan by Jericho, it plak fan de prehistoaryske en bibelske stêd, nei it kleaster fanwegen in ferwachte grutte oanrin fan toeristen.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mount of Temptation fan Wikimedia Commons. |