Berent Storm (Ljouwert, doopt op 27 juny 1730 - dêre, 1782), wie in Ljouwerter sulversmid.

Berend wie de soan fan kamerbewarder Roelof Storm en Margaretha Jansonius. Hy waard master-sulversmid yn 1759. Hy makke sieraden mar ek berteleppels. Levere 1777 yn opdracht fan Deputearre Steaten in túchje (sulveren mêstwoartel), skearhout en in sulveren flaggestokknop foar in hurdsilerij op Aldskou ta eare fan in steedhâlderlike besite: Willem V fan Oranje-Nassau, syn frou Wilhelmina fan Prusen en harren trije bern. De prizen waarden earst bewarre yn it Frysk Museum, letter gienen se oer nei it Frysk Skipfeart Museum.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: