In berteleppel is in grutte sulveren leppel mei namme en bertedatum. It wurd berteleppel is noch net hiel âld. It soe foar de earste kear neamd wêze yn Waling Dykstra’s Uit Frieslands Volksleven. De term datearret út de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw; dêrfoar waard praat fan 'sulveren leppel'.

Berteleppel troch Ate Scheverstein
Berteleppel mei in melkende boer
Geboren 8 juli 1845
Tjitske T. Hoekstra

It fenomeen op himsels hat al in folle langere skiednis. En mei it fenomeen bedoele wy dan de sulveren leppel mei ynskripsje fan de bertedatum fan in bern. Njonken dy berteleppels besteane der ek sulveren leppels mei ynskripsjes dy't ferwize nei oare saken lykas in houlik, tochten oer it iis, ferstjerrens ensawathinne.

De gewoante fan âlden of oare famylje om by de berte fan in bern in geskink te jaan hat in lange tradysje dy’t grif wer weromgiet oant de sekstjinde iuw. Neffens Klijn’s Oude zilveren lepels datearret de âldst bekende leppel mei berte-ynskripsje út 1578. It giet om in leppel út Ingelân.

Ut oare lannen binne ek berteleppels bekend. Yn Nederlân fine we neist Fryslân ek in inkeld gefal yn Grinslân en Hollân. Wy ha dus net te krijen mei in allinnich mar Frysk fenomeen, mar wol is it sa dat de tradysje echt ta bloei komt yn Fryslân. Opfallend is ek it ferskil dat berteleppels fan bûten Fryslân selden ynskripsjes ha. At se dy al ha, binne dy faak beheind ta ynisjalen. Fan de lêste helte ôf fan 'e santjinde iuw binne hûnderten Fryske berteleppels bekend.

De webside fan Hessel de Walle jout in oersjoch fan 'e teksten fan mear as fyftjinhûndert berteleppels út Fryslân fan foar 1811: Friezen uit vroeger eeuwen faak mei plaatsjes.

Sulversmeikeunst

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Klijn, Drs. E.M.Ch.F., Oude zilveren lepels, (Lochem: N.V. De Tijdstroom, 1967).
  • Walle, Drs. Hessel de, Friezen uit vroeger eeuwen, (Frjentsjer: Wever Van Wijnen, 2007).