Sulversmeikeunst
De sulversmeikeunst is it ambacht om sulveren foarwerpen te meitsjen, it hat yn Fryslân op in heech peil stien.
De terpen leveren foarwerpen (riembeslach, mantelspangen) op, dy't op grutte betûftens wize en soms te datearjen binne (ynfloed fan Kentske sulversmeikeunst), gouden spang fan Hegebeintum, skat fan Wiuwert, fibula fan Winaam, allegear út ± 650). Ut de Midsiuwen is der net folle (beslach drinkhoarn Sint Antoniusgilde út Starum, 1397, hostydoaske fan Jorwert, 15e iuw, beide sûnder merken). Sulversmeigilden komme der tusken 1450-1500.
Yn de 16e iuw wurde feroarderingen fan de oerheid (mastertekens, jierletters, gildeproeven ensfh.) ynsteld. Foar de sulverstúdzje binne wichtich de koperplaten mei merken, nammen en wenplakken (1529-1599) en it gildeboerd fan de Ljouwerter sulversmidten (1597-1854). Technyske kennis is foar de stúdzje ûnmisber. Foarwerpen kinne troch ophammerjen en jitten ûntstean. Fersiering bart troch gravearjen en driuwen (it oanbringen fan reliëf op it oerflak). Siselearjen hjit de neibehanneling fan it jitten sulver. Yn de 16e iuw is der al bloei (beker út Boazum 1505, Botniabeker ± 1530, fan Feike fan Franeker, en kokosbeker fan Lenert Danckerts, 1583, alle trije yn it Frysk Museum.
Yn de 17e iuw berikt de sulversmeikeunst yn Nederlân in hichtepunt. De kwaliteit fan in Paulus en Adam van Vianen of Johannes Lutma wurdt hjir net berikt (driuwwurk mei kwabornamint en minsklike figueren). Harren ynfloed is lykwols te fernimmen by Hans Christiaans (1632) en Rintie Jans (Poptaskat, 1671). Omtrint 1660 fine wy neist de minsklike figuer de fersiering mei blommen en blêden (Pieter Faber en Nicolaas Mensma, 1670). Tige fraai is it wurk fan de Boalsterter Claes Baerdt. De Ljouwerter Johannes van der Lely lit foaral de Loadewyk-XIV-styl sjen (stilearre blom- en blêdornamint op granulearre ûndergrûn). Hy oefene ynfloed út op tiid- en stêdgenoaten as Andele Andeles, de Elgersma's, Gabinus van der Lely, Ate Scheverstein en Thomas Wieland, en op de Boalserter Egbert Teeklenburg. De Loadewyk XV en XVI-styl fine wy goed fertsjintwurdige by Pieter Meeter en Lucas Oling.
Yn de 18e iuw wurde benammen teetsjettels en -faaskes en brandewynkoppen makke. Neist moai driuwwurk leveren de Friezen ek fraai gravearwurk (bekers, knottedoaskes, brandewynkoppen en jûnsmielsulver). Op de lêste sjogge wy medaljons en symboalyske of bibelske foarstellings (beker út Winaam, Lolle Jeltes, 1643), wurk fan Jan Saegman, 1687, synodale bekerfan Marsum, 1633. It sulver hat mastertekens en jierletters. De 17e-iuwske brandewynkoppenbinne seis- of achtkantich en heech en litte symboalyske figueren en medaljons sjen. Ek is der filigraanwurk (sieraden by de dracht brûkt oant yn de 19e iuw).
Yn de 19e iuw sjogge wy in ferfal fan de sulversmeikeunst. Yn it begjin fan de 20e iuw is der wer opbloei. Neamd wurde moatte De Haas (Snits), Albert Sustring (Snits), Van Erp (Ljouwert) en J.A. van der Houten (Ljouwert).
Bekende sulversmidden
bewurkje seksje- Anke Amo Akerboom
- Jan van Nouhuys 1949
- Wouter van Baalen
- Claes Fransen Baardt
- Jurriën Schiff 1964
- Daan Brouwer
- Hendrina Das 1691-1758
- Tjeerd Annes Keikes 1804-1886
- Georges Cuyvers 1951
- Jean Lemmens 1945
- Willem Littel 1796-1879
- Adam van Vianen
- Paulus van Vianen
- Jeroen van Woerkens
- André van Loon 1979
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|