Knottedoek

(Trochferwiisd fan Knottedoaske)

In knotte(doek) of in knottedoaske wie in leafdesknoop foar minsken dy't trouwe woenen.

Knottedoaske fan sulver mei ôfbylden fan persoanen yn 17e-iuwske klaaiïng - Dokkum (1700)

Oant de 18e iuw hâlde de Fryske frijer oan de frijster in nije, los knope doek foar fan netteldoek, side of brokaat mei trije dukatons sulveren riders fan fl. 3,15 der yn. It koenen ek 100 skipkesskellingen wêze. Luts hja de knoop fêst dan wie de ferloving besegele.

Foar de knotte kaam letter in 'ponge', in sulveren houlikshert of in breidskofferke yn 't plak. Dêryn koenen wol 20 dukaten 'op de kant' setten wurde. Ek de houlikspinning waard der yn bewarre. Op de knottedoeken en knottedoaskes stienen spreuken mei inisjalen. De ring ferfong ek de knotte. Yn it Frysk Museum en it Princessehof binne noch knottedoeken te sjen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Knotte, knottedoek, -doosje.
  • Repertorium Frieslands Verleden, side 318 (Ljouwert 1955)