Berjocht:In dei yn de histoarje/28 juny
- 1061 - Ferstoarn: Floris I, greve fan Hollân, Seelân en West-Fryslân.
- 1389 - It Servyske leger wurdt troch de Turken finaal ferslein yn de Slach op it Merelfjild (Kosovo Polje); dit betsjutte de ein fan it Servyske ryk en it begjin fan de 500 jier duorjende Ottomaanske oerhearsking fan grutte dielen fan súdeast Europa.
- 1598 - Ferstoarn: Abraham Ortelius, Antwerpsk kaartmakker (* 1527).
- 1577 - Berne: Peter Paul Rubens, Flaamske barok skilder († 1640).
- 1712 - Berne: Jean-Jacques Rousseau, (yn Genêve), Frânsk filosoof († 1778).
- 1783 - Berne: Jan Cornelis Pieter Salverda, Frysk dichter.
- 1846 - Yn Frankryk krijt de Belch Adolphe Sax it patint op in seis jier earder troch him útfûne blaasynstrumint: de saksofoan.