Abraham Ortelius (* 14 april 1527, Antwerpen - † 4 july 1598, Antwerpen) wie in kaartmakker en geograaf, mei as bynamme "de Ptolemaeus fan de 16e iuw".

Abraham Ortelius

Abram Orelius studearre yn Antwerpen Gryksk, Latyn en Wiskunde. Earst waard er kaartferkeaper en boekhanneler, mar hy learde wyls foar kaartmakker.

Yn 1570 kaam de earste útjefte fan syn wichtichste wurk, Theatrum Orbis Terrarum (Teater fan de ierdbol), út, dat nei alle gedachten de earste kear wie dat in bondel fan kaarten as boek útjûn waard. Oant likernôch 1612 wienen der 42 útjeften fan it boek, yn 7 talen: Latyn, Dútsk, Flaamsk, Frânsk, Spaansk, Ingelsk en Italjaansk.

Keppelings om utens

bewurkje seksje