Berjocht:In dei yn de histoarje/31 jannewaris
- 1561 - Ferstoarn: Menno Simons, tsjerkeherfoarmer en nammejouwer fan de Menisten (*1496).
- 1729 - Ferstoarn: Jacob Roggeveen, ûntdekkingsreizger dy't útstjoerd waard om it Súdlân te finen, mar hy ûntdekte by tafal Peaske-eilân.
- 1854 - Oprjochting fan it KNMY.
- 1908 - Ferstoarn: Anthony Winkler Prins, Nederlânsk skriuwer, dichter, dûmny en frijmitseler.
- 1929 - Leon Trotski wurdt ferbanne út de Sovjet-Uny.
- 1938 - Berne: Prinsesse Beatrix, fan 1980 oant 2013 keninginne fan Nederlân.
- 1966 - Lansearring fan Luna 9, de earste moannelanner.