Berjocht:Tema:Fryslân/Side fan de moanne/July
(Trochferwiisd fan Berjocht:Portaal:De Fryslannen/Side fan de moanne/july)
De Fryske Rie is in gearwurking tusken ferskate Fryske organisaasjes yn it Fryske wengebiet. De Fryske Rie bestiet al sûnt 1927, mar is pas offisjeel oprjochte yn 1956. De Fryske Ried waard oprjochte yn 1956 om it kontakt tusken de twa Fryske lannen en de Friezen wrâldwiid te befoarderjen. Dit moast berikt wurde troch it ynstellen fan in fêst siktariaat, registraasje fan ale wurk dat op boppeneamde terreinen fan de Fryske lannen dien wurdt: it befoarderjen fan kontakt mei en tusken de oangeande ynstellings yn en bûten Europa; benammen yn Nederlân, Dútslân en Denemark; it befoarderjen fan besykjen oer en wer fan persoanen en groepen, lykas bern, studinten, boeren, keunstners ensfh. Lês fierder...