Berjocht:Side fan de moanne/desimber 2009
Roald Amundsen wie in Noarske ûntdekkingsreizger. Op 14 desimber 1911 berikte hy as earste minsk de Súdpoal. Amundsen waard berne te Borge, krekt bûten Sarpsborg yn it súdeasten fan Noarwegen, yn in famylje fan skipseigners en kapiteins. As jonge rekke hy tige ûnder de yndruk fan Fridtjof Nansen's oerstek fan Grienlân yn 1888 dat hy sels ek besleat om ûntdekkingsreizger te wurde Lês fierder...