Berjocht:Side fan de wike 2011/wike 37

De gemeenterie fan de City of Melbourne komt gear yn de Melbourne Town Hall oan Collins Street.

Melbourne is de haadstêd en grutste stêd fan de Australyske dielsteat Victoria. De Melbourne City Centre (ek bekend as it "Central Business District"; "CBD") is it midspunt fan it gruttere metropoalgebiet. Yn juny 2009 hie it metropoalgebiet likernôch fjouwer miljoen ynwenners.

De stêd leit oan de noardkante fan de grutte natuerlike Port Phillip-baai, mei it stêdssintrum oan de mûning fan de rivier de Yarra. It metropoalgebiet rekt him dan út nei it suden, lâns de east- en westkante fan Port Phillip en it ynlân yn. It stêdssintrum leit yn it stêdsdiel City Of Melbourne, de metropoal bestiet fierder út noch 30 stêdsdielen.

Melbourne waard stifte yn 1835 troch kolonisten dy’t fan Van Diemen’s Land kamen. De delsetting waard yn 1837 troch Richard Bourke nei William Lamb, 2nd Viscount Melbourne neamd. Melbourne waard offisjeel ta stêd ferklearre troch Keninginne Victoria yn 1847. Yn 1851 waard it de haadstêd fan de nije koloanje Victoria. Yn de tiid fan de Victoriaanske goudkoarts yn de 1850’er jierren feroare Melbourne nei ien fan de grutste en rykste stêden fan de wrâld. Nei de federaasje fan Austraalje yn 1901 waard Melbourne de haadstêd fan it lân en it thús fan de nasjonale oerheid, oant 1927.

Lês mear ...