Fan Diemenslân

(Trochferwiisd fan Van Diemen’s Land)

Fan Diemenslân is de namme dy't de Jeropeanen yn it ferline brûkten foar it eilân dat no Tasmaanje hjit, in eilânsteat fan Austraalje. De Nederlanner Abel Tasman wie de ûntdekker fan it eilân, dat hy Anthoonij van Diemenslandt neamde. Antony fan Diemen, gûverneur-generaal fan Nederlânsk-Ynje, stjoerde Abel Tasman yn 1642 op paad om it grutte Unbekende Súdlân (Terra Australis) te finen. Hy fûn Austraalje en neamde dat Nieuw-Holland. Tusken 1772 en 1798 krige allinne it súdeasten fan it eilân besite. Dat Tasmaanje in eilân wie waard earst yn 1798-99 dúdlik doe't Matthew Flinders en George Bass it omsylden yn de Norfolk.

Kaart út 1644
Kaart Fan Diemenslân út 1852

Yn 1803 rekke Fan Diemenslân yn Britske hannen dy't dêr in strafkoloanje stiften mei de namme Van Diemen's Land, it waard doe in part fan de Britske koloanje New South Wales. Yn 1824 waard Van Diemen's Land in aparte koloanje.

Yn 1856 waard it eilân in selsstannige koloanje mei in eigen parlemint en krige it de nije namme Tasmaanje, in earbetoan oan Abel Tasman.

  • De Ierske band U2 hat yn de jierren 80 in nûmer oer Fan Diemenslân skreaun. It stiet op de CD "Rattle & Hum".
  • De tekst fan it bekende Iersk/Ingelske folkslietsje "The Black Velvet Band" fernijt 'Fan-Diemenslân'.
  • It boek "It boek fan Gould, in roman yn tolve fisken" fan Richard Flanagan, spilet foar it grutste part op Fan Diemenslân.