Berjocht:Side fan de wike 2012/wike 51
In synthesizer is in elektroanysk muzykynstrumint dat klanken en lûden keunstmjittich (meast elektroanysk) opwekt. De útfining fan de synthesizer hat in wichtige revolúsje yn de muzykwrâld west. Mei in synthesizer is it mooglik it op te wekken lûd fiergeand te beynfloedzjen, sadat nije, noch net besteande klanken makke wurde kinne. Ek kinne guon synthesizers de klanken fan al besteande (akoestyske) ynstruminten hast sekuer neidwaan (bygelyks piano of oargel).