Berjocht:Side fan de wike 2014/wike 13
Boalsert is in stêd yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De stêd, ien fan de Fryske alve stêden, leit 12 km west fan Snits. Boalsert is ûntstien op in trijetal terpen, dêr't yn alle gefallen de âldste, dêr't de Sint Maartenstsjerke op stiet, datearret fan foar it begjin fan de jiertelling. De Broeretsjerke, yn 1980 troch brân ferneatige en no as ruïne bewarre, is it âldste gebou fan de stêd en komt foar in part út de ein fan de 13e iuw. Ek út de midsiuwen stammet it merakelse Mariabyld Us Leaffrou fan Sânwâlden, tsjintwurdich bewarre yn de Sint Fransikustsjerke oan de Dijlakker.